| Ulke Hessel Brolsma |
Een slagje hier
en daar - De Tsiendeiske
Fjildtocht fan Hessel Brolsma |
|
![]() |
Ien fan de dielnimmers oan de
Tsiendeiske Fjildtocht (1831) tsjin de Belgen wie Hessel Brolsma
út Stiens. Troch brieven hold er syn âlden op de hichte
fan syn aventoeren yn Belgie en Brabân.
In lytse 175 jier letter reizget syn betoerpakesizzer Ulke Brolsma him achternei en docht dêr yn dit boek ferslach fan. Oan de hân fan de brieven fan syn foarfaar skilderet er in libben byld fan dy histoaryske fjildtocht en it soldatelibben yn dy tiid. En tagelyk is dit boek ek in ferslach fan in skriuwer dy’t him hieltyd mear bewust wurdt fan syn Brolsma-woartels. Ulke Hessel Brolsma (1943) publisearre yn 2001 de ferhalebondel Ioana. Hy skreau ek (reis)ferhalen en artikelen foar Trotwaer, Kistwurk, De Moanne en Farsk. |
![]() |
| ISBN-10: 90-5615-132-0 ISBN-13: 978-90-5615-132-4 priis 15,00 |
foto: Reyer Boxem |