Henk Wolf Henk Wolf Wûnderaardichheden

In trijepoatige ko makket foarút de dea fan in Burgumer kundich. By Goutum falt in rôze oaljefant út de loft. In widner wurdt freonen mei in beam en in Italjaanske blom nimt in famke mei op in reis troch de nacht. It kin allegear yn de wûnderaardige wrâld fan Wolf, dy't gauris komyk is, soms wat mankelyk en heel inkeldris djipsinnich.  
Wûnderaardichheden is in bondeling fan fertellingen en ferskes dy't skreaun binne mei in soad leafde foar moaie taal, âlde ferhalen, bysûndere minsken en goeie bearenburch.
wûnderaardichheden
De tekeners fan it striptydskrift Mudhoen hawwe it boek foarsjoen fan koartswilige printsjes.
  


Henk Wolf (1973) is taalkundige. Hy publisearret oer taal en skriuwt ek út en troch fiksje.

ISBN 90 5615 122 3
176 siden, priis € 15,00
Omslachûntwerp: Barbara Jonkers