Vogelwacht   Idaarderadeel  Noord      Wergea    Warten    Warstiens     opgericht 1 mei 1944







                                                      Jaarverslagen          Waarnemingen          Fryskeneisoarchdei           Links     

Fryske neisoarchdei 12 maaie 2012.

 

It wie de 5e kear dat de BFVW dizze dei organisearre. Gasthear dit jier wie de fgelwacht Idaarderadeel-Noord. Om 13.00 oere wie de start yn cafe s’Lands Welvaren te Wergea.

Neist it bestjoer fan s wacht en de neisoargers wiene oanwzich: Heleen de Jong fan de Provinsje Frysln,

Henk Kalsbeek, Mient Douma en Hessel Meindertsma fan it haadbestjoer en Joop Ludema fan de kommisje neisoarch.  Fan SBB wie Arnout Paulus oanwzich. Ek Omrop Frysln hie in sjoernaliste stjoerd. Joh. Kramer wie ferhindere. Om 13.00 iepene de foarsitter fan s wacht (Frans de Bruin) dizze dei. Hy sketste yn syn iepeningswurd nochris it belang fan de neisoarch, foaral it great wurden fan de pyken.

No oeral tagelyk meant wurdt en de greiden yn ien kear keal wurde, falt dit net ta. Ek neamde hy de ynset fan de neisoargers, 10 dagen aaisykje en 3 moanne neisoarch.

Hjirnei setten de neisoargers it ln yn foar de alarmtelling. Nei frin koene se it oantal fgels mei jongen ynleverje yn it caf, mei drnei in gesellige neisit. De genoadichden gingen mei it bestjoer nei de Himpensermar.  Dit mei it sktsje fan Pieter Postma fan “scheepswerf van der Werff”.

Oankommen by de Himpensermar lei Frans de Bruin t hoe dizze polder beheart wurdt. SBB is de behearder hjirfan.  Ek de skriezekriten om de mar hinne, binne fan belang om in buffer om de polder te foarmjen. Drnei binne wy in eintsje de polder ynrn. Wat in prachtich en ryk gebied oan blommen en fgels.  It kin dus wol.

Om 15.30 oere wiene wy werom yn it caf. In oantal neisoagers siet al op s te wachtsjen.

Hja koene no op in greate kaart fan s wacht oanjaan wr fgels mei jongen binne.

Joop Ludema die oan de hn fan in foarbyld tlis oer it nije registraasjesysteem.

Om 16.45 slte de foarsitter dizze dei f en betanke de oanwzigen. Hy koe werom sjen op in tige slagge middei.









Op 11 juny 2012 om 9 oere binne wy dochs noch mei deputearre Joh. Kramer nei de Himpensermar west.

Ek oan him waard troch Frans tlein hoe dizze polder beheart wurdt en krigen wy fan Jan Sipkes de resultaten fan de lste jierren. Drnei binne wy nei Duhoux yn Wurdum ta setten foar yn bakje kofje en in goed petear oer de takomst fan s greidefgels en de rol fan Ryk, Provinsje, fgelwachten, behearders natuurgebieden en fansels de boeren mei hun organisaasjes. As wy dit meienoar oppakke wolle, moat dit goed komme.







                                                           







Vogelwacht  Idaarderadeel  Noord                  Wergea      Warten    Warstiens                       Opgericht 1 mei 1944