Dammers Frysk Spul yn Praach                                           

Dammers Frysk Spul winne fan Italianen en Tsjechen.

Praach. Yn 2003 spilen fjouwer dammers Frysk spul harren earste ynterlân tsjin in fjouwertal topdammers út Itaalje en Tsjechië. It Fryske fjouwertal, besteande út Jelle Wiersma, Wommels, Willem Schaap, Dearsum,  Cor Kooistra, Nijlân  en Klaas Wiersma, Nij Beets, wiene de Italianen en de Tsjechen de baas.

Der waarden twa omlopen Italiaansk spul en twa rûnten Frysk spul spile en dan sadanich dat yn de earste omloop op boerd 1 en boerd 3 Frysk  en op boerd 2 en 4 Italiaansk  spile waard. De Italianen hiene de Friezen al dwaande sjoen yn in toernoai Italiaansk spul de tongersdei te moarns. En dêryn einigen de Friezen op de legere plakken. De opstelling fan harren yn de ynterlân wie dan ek sadanich dat de bêste dammer op it leechste boerd siet en de minste op it earste. Sy ha fêst tocht dat se de spullen Italiaansk dochs wol winne soene en dan hie harren bêste dammer miskien noch in kâns yn it Fryske spul tsjin de Fryske 4e boerd spiler, Klaas Wiersma.
Dat pakte oars út: Klaas liet him net ferkasse troch ynternasjonaal master en seisfâldich kampioen Italiaansk spul Michele Borghetti.

De ferrassing wie dat Jelle Wiersma “earste” boerd spiler Ricardo Agosti yn it Italiaanske spul yn de earste ronde fersloech en yn de twadde kamp spile. Dêrmei wie de winst binnen, want alle partijen Frysk waarden wûn en de fierdere Italiaanske spullen waarden ferlern.

De freeds waard der op de selde wize tsjin de Tsjechen spile. En yn de earste omloop wie der fuort in grutte opstekker foar de Friezen. Klaas Wiersma spile kamp yn it Tsjechise spul  tsjin Michailo Bolban. Nei dy earste omloop wie der yn it Fryske kamp al in hoera stimming, want soene fierders de Fryske spullen wûn en de Tsjechise ferlern wurde dan soe it dochs yn it foardiel fan de Friezen wêze. De twadde omloop gyng ek neffens de ferwachting. Doe de tredde rûnte. Dy soe in hiel ûnferwachte draai oan it gehiel jaan. Deselde Bolban bliek it Fryske spul hiel aardich te behearskjen. En wol sa danich dat er Klaas Wiersma fersloech. De man hie skiednis skreaun troch as bûtenlanner in Fryske dammer yn it Fryske spul te ferslaan.

Yn dy selde omloop hold Cor Kooistra de kampioen Tsjechysk damjen 1999, Ivo Kristek op kamp en dêrmei wie de stân wer gelyk. De lêste rûnte soe dan úteinlik de trochslach jaan moatte. It soe, sa wie de ferwachting wol op kamp útdraaie, mar deselde Kooistra helle yn dy lêste omloop tsjin deselde man wer kamp en sa wûnen de Friezen mei ien punt ferskil.

Spitich wie dat it Ingelske fjouwertal troch omstannichheden earder nei hûs moast. Doe koe de striid op snein net troch gean.

Yn 2010 gyngen der wer fiif dammers nei Praach, wêrûnder de Strikers Cor Kooistra en Jelle Wiersma.