|
De Stadige Strikers
De
Stadige Strikers hâlde harren damjûn op moandei yn Doarpshûs Elim te
Skearnegoutum. Under it genot fan in kopke kofje of tee wurdt der dan
tsjin elkoar spile. De dammers binne ferdield oer trije klassen en dy
spylje in kompetysje.
Der wurde
ek wedstriden tsjin oare klups spile. Dat binne sûnder útsûnderingen
altiten hiele gesellige jûnen. As de Strikers op in troudei of jubileum
fan ien fan de Strikers útnoege wurde dan sjonge se steefêst it klupliet.
Dat klupliet is wat dûbelsinnich en is ek foaral bedoeld foar de partner
fan it trouwende of jubilearjende lid. De melodij is fan “Koffie, koffie
lekker bakje koffie” fan Rita Corita. De muzyk hearre jo op de eftergrûn,
dus jo kinne fuort begjinne om mei te sjongen.
De tekst
is sa:
Strike, strike lekker potsje strike
Fanke dat doch ik sa graach
Strike, strike lekker potsje strike
Pop jou my de folle laach
As ik net lekker mear strike kin
Is it libben my min nei’t sin
Strike, strike lekker potsje strike
Fanke dat doch ik sa graach.

Klik op it miniatuer
foar it besjen fan it orizjineel !!!
|