|
Skiednis
Skiednis fan de Stadige Strikers

Yn it jier 1979
is der yn Skearnegoutum in jeugdklup Frysk damjen oprjochte mei de namme “De
Stadige Strikers”. Dy namme kaam ta stân om de bern der op te wizen dat se
foaral stadich spylje moasten. Bern skowe as jo der neat fan sizze as wylden.
Fandęr dizze pedagogyske namme.
Doe’t yn 1981 in
oantal minsken it wol sitten seach om ek in klup foar grutten op te rjochtsjen
is de selde namme as klupnamme keazen. En no bestiet dy namme dus al mear as
tritich jier.
It gyng de klup
yn dy begjinjierren foar de wyn. De jeugdôfdieling hie jierren oanien wol om de
tritich dammers hinne. Dat wiene fansels lang net
allegearre dammers. Inkele fan dy bern ha noait in spultsje wűn, mar der wiene
ek oaren. In oantal hie it fuort al yn ’e smizen en oaren learden it stadichoan
better. Yn elts gefal plukte de grutte klup de fruchten fan de lytse, want alle
jierren kaam der wol in oantal bern by de grutten.
Dat gyng
allegearre goed oant it momint dat der op de damdei skaakles oan bern jűn waard
yn Skearnegoutum. De skrandere mantsjes gyngen fanôf doe foaral te skaken. En it
jout neat mei it skaken lizze der ek hiele oare mooglikheden foar de takomst. Om
koart te gean: it skaken bloeide op en it jeugddamjen rekke wat yn de nederklits.
Op dit momint is
der allinne noch de grutte klup. It ledetal skommelt de lęste jierren sa om en
by de tweintich. Dizze leden kamen yn it begjin op tongersdeitejűn byinoar, mar
nei in oantal jierren is men ferhuze nei de moandeitejűn. Offisjeel begjint de
jűn om kertier oer sânen. It is meastal sa’n kertier foar achten as elk sa’n
bytsje de tsjinstanner fűn hat.
Krantestikjes.
Al jierrenlang
wurdt der fan alle damjűnen in kranteferslachje makke foar de Snitser Krante.
Dat binne Fryske stikjes en de bedoeling dęrfan is om op in as it kin snedige
manier de damsaken buorkundich te meitsjen.
Klupkampioenskippen.
Alle jierren
dogge de Strikers ek mei oan de klupkampioenskippen Frysk Spul. Yn 1982 begűnen
se yn de alderleechste klasse en al gau siet it earste achttal yn de
kampioensklasse. Dat achttal is in pear kear as twadde einige, mar in
kampioenskip siet der noch nea yn al skilde it soms mar in heale boerdpunt. Oant
it jier 2009. Doe waarden de Strikers einliks in kear klupkampioen en elts wie
út ‘e skroeven! No al wer jierren efterelkoar binne de Strikers mei trije
achttallen paraat, hoewol der sa hjir en dęr noch wol ris in dammer liend wurde
moat.
Persoanlike
kampioenskippen.
Guon Strikers
dogge ek mei oan de persoanlike kampioenskippen. Yn dat ferbân belibbe de klup
yn 2001 eat bysűnders, omdat harren lid Jelle Wiersma dat jier kampioen Frysk
Spul waard. In dammer dy’t fuortkommen is út de jeugdklup, eigen kweek dus en
dan de alderheechste wurde. Dat betsjutte ek foar de klup in boppeslach, wat er
yn 2007 en 2008 werhelle.
De skylpodde.
It
skaaimerk fan de Stadige Strikers is de skylpodde. Ien fan de bestjoersleden hat
dizze podde tekene en alle stikken sa as útnoegingen, kwitânsjes en sa drage dit
logo. It is de stadige podde dy’t prachtich by de Strikers past en boppedat hat
de podde in sterk en taai skyld en dat jildt ek foar de Strikers, dy binne ek
taai mar ek guodlik. Einliks te guodlik en dęrom slagge it harren oant no ta om
noch mar ien kear kampioen te wurden.
It stryk ta
toernoai.
It klinkt wat
frjemd, mar it idee om stryk ta wedstriden te organisearjen komt út de koker fan
damklup De Stadige Strikers. Der kamen op de sneonswedstriden hieltiten minder
dammers, dęrom kaam it bestjoer mei de stryk ta wedstriden. Elke spiler krige de
partij 40 minuten op de klok. Sadwaande koe men op ien jűn trije spullen spylje.
En dat foel by in soad dammers tige yn de smaak. Ferneamd yn dit ferbân wie it
Boelens Koppesnellers Toernoai. Alve jier lang hat dit bedriuw dit toernoai
stipe. Hjirnei waarden wy stipe troch restaurant El Pacho út Snits en fanôf 2009
is Wiersma Acountantskantoor út Wommels ús sponser. It is in tradysje wurden om
dizze stryk ta dammerij flak foar de Kryst te hâlden.
It bestjoer.
De Stadige
Strikers ha in trijekoppich bestjoer. Hjir hawwe de folgjende persoanen in sit
yn en sy jouwe jo graach ynljochtings:
|
Foarsitter: |
Cor Kooistra |
|
|
Trije diken 3,
Nijlân |
|
|
Til:0515-569306 |
|
|
Email:
trijediken@kpnmail.nl |
|
Ponghâlder: |
Ype Boelens |
|
|
Sânwei 5, Menaam |
|
|
Til:0518-451795 |
|
|
Email: twilling@kpnplanet.nl |
|
Skriuwer: |
Bauke Bos |
|
|
Heemstrastr. 20,
St. Nyk |
|
|
Tel: 0513-432782 |
|
|
Email: baukebos@home.nl |
|