Krantestikje

It wyklikse stikje.                                                

 

 

Jelle Wiersma foar de gewoane Strikers net te bedammen. 

Skearnegoutum. It sit der wer op foar De Stadige Strikers. Moandeitejûn wie de lêste byienkomst fan seizoen 2011/2012. Der waard noch omraak damd, wol allegearre yn in rap tempo. Ien fan de hichtepunten fan de jûn wie de priisútrikking. Doe’t de útslaggen bekend wiene, moasten de Strikers erkenne, dat harren kluplid Jelle Wiersma foar de gewoane Stadige Strikers net te bedamjen wie.

No is dat fansels gjin nijs, want it is eins al jierren sa dat Jelle de heechste eare ta komt. It sit mooglik by de oaren ek wol ris wat tusken de earen: dy jonge kin ik dochs net bedamme. Dan giet it fansels altiten mis. Mar hoe’t de stikjesskriuwer der ek oer prate wol, ien ding is wis: Jelle hat op it boerd in fin mear as in bears. It wie fansels moai dat Tjalling Goedemoed dit jier ek oan de kompetysje mei die. In prachtige dammer! En fansels in helenien. Hy waard even brutaalwei twadde en dêr seach net ien raar fan op. No is it al sa dat de kompetysje eins net folslein is. Willem Schaap koe as er alle spullen spile hie Tjalling noch ynhelje. As je wat ryklik parijen moatte dan kin it hast net útkomme. Dat is fansels wol spitich!

Yn de twadde klasse hiest it selde ferhaal. De Boer einige as earste, mar hie ek folle mear partijen spile. Likegoed is de prestaasje fan ús njoggenentachtiger der net minder om. Elk soe der wol foar tekenje wolle as er sels op dy leeftyd noch sa damme kin as De Boer. Nea earder is hy op it earste plak einige. Dat plak jout rjocht op promoasje, mar dêr fielde De Boer moandeitejûn net folle foar. Wy moatte yn septimber mar wer ris sjen en oars giet Ype Boelens omheech.

It wie tusken de beiden in hiele striid, mar úteinlik hat Hindrik Twynstra syn konkurrinte Hennie de Haan dochs ûnder him litten. Twynstra begûn foaral yn de lêste moanne sterk út de hoeke te kommen. In pear kear pakte er in twadde klasser en dan garret it moai op mei de dûbele punten. Hennie waard dus twadde en dan folget der in aardich gatsje, mar dat sil takom jier fêst lytser wurde

Utslaggen 2012

Earste klasse: 1. Jelle Wiersma 18 út 19, 2. Tjalling Goedemoed 15 ½ út 20, 3. Willem Schaap 14 út18, 4. Cor Kooistra 13 ½  út 20, 5. Sjoerd Jan Bakker 11 ½ út 19, 6. Bauke Dijkstra 141 út 18, 7. Dicky van der Meer 8 út 15, 8. Harry Postma 1 út 1 .

 Twadde klasse: 1. Bauke de Boer 15 ½  út 28, , 2. Ype Boelens 12 út 22, 3. Ynte Dijkstra 10 ½ út 18, 4. Rients Wijnia 10 ½ út 22, 5. Bauke Bos 10 út 24, 6. Jan de Jager 8 ½ út 19, 7. Tjerk Wiersma 8 ½ út 24, 8. Kees Willem Koopmans 7 út 22, 9. Josette Kalteren 3 út 11.

 Tredde klasse: 1.Hindrik Twijnstra 12 út 20, Hennie de Haan 11 út 22, 3. Tineke Teigeler 5 ½  út 20, 4. Marjolijn Bakker 1 ½  út 19, 5. Sven Kalsbeek 3 út 6, 6. Bauke Boelens 4 út 4

Moaie fakânsje, 
oant yn septimber

 

 

De gelearden seinen dat it kamp wurde koe.

Skearnegoutum. Der bestiet by de Strikers in tafel foar de elite. Dat sizze se dan wol ris omdat de earste klassers meastal foar in part oan dy tafel sitte. Mar neffens in sprekker binne der ûnder de Stadige Strikers ek gelearden. Dy gelearden lieten Josette even sjen hoe’t se de eks-skieppeboer Rients Winia op kamp hâlde kinnen hie.

Winia en Josette Kalteren sieten dreech te damjen. Josette dy’t wol gauris troch aktiviteiten fan de bern net op moandeitejûn damme kin, giet der altiten plat foar as se der wol is. De partij tsjin Winia seach der ek hiel goed út, mar it komt yn it Fryske spul altiten op it einspul oan. As jo dan eventsjes in ferkeard streekje dogge, dan binne jo de pineut. Sa wie dat mei Josette ek. Hie se even skerper skood dan hie se mooglik in puntsje byskriuwe kinnen.

Se reitsje by de Strikers hast net útpraten oer de ferrjochtings op it damboerd fan Hindrik Twynstra. No is it net allegearre goud wat der blinkt, mar hy makke it Ype Boelens dochs noch aardich lestich. It kaam ta in fiif om fiif stân. Boelens stûn wat better, mar likegoed siet der foar syn tsjinstanner ek noch wol wat muzyk yn. Mar net sa folle dat er dêrnei de loftrompet blaze koe op de oerwinning. Nee Ype liet dochs even merke dat er it einspultsje krekt noch even wat mear yn de macht hat. Dat is fansels ek net sa frjemd.

Meastal meitsje de beide Snitsers en tachtigers der in moai spul fan. Bauke de Boer diskear net yn Skearnegoutum kommen mei syn fêste sjauffeuze Hennie de Haan. Dus it wie ôfwachtsjen of er ek lêst hie fan dat gemis. Mooglik wol, want De Boer kaam net fierder as remize. No is de opponint ek net de earste de bêste. Dy harket nammentlik nei de namme Jan de Jager. Dan wit men wol hokfoar fleis men yn de kúp hat: in drege en taaie dammer. Beide mannen wienen wol kontent mei harren heal puntsje.

Utslaggen: Ype Boelens – Hindrik Twynstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Marjolijn Bakker ½ - ½; Jelle Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Kees Willem Koopmans – Jelle Wiersma 0 – 1; Jan de Jager – Bauke de Boer ½ - ½; Josette Kalteren – Rients Winia 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Willem Schaap 0 – 1; Tjalling Goedemoed – Ynte Dykstra 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0; Ynte Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1;

 

 

Twa stilsitters by de Strikers.

Skearnegoutum. It wie spitich foar de beide trouwe leden, Rients Winia en Tsjerk Wiersma, mar se moasten moandeitejûn stil sitte. Se hienen gjin tsjinstanner en dat wie spitich. Se ha fansels noch hiel wat spultsjes damme, mar dat gong nearne om, net iens om in slokje. Se sieten stil omdat de earste acht it opnamen tsjin Aldegea en dat yn it kader fan it ôfmeitsjen fan it klupkampioenskip.

Yn de gewoane kompetysje pakte Bauke Bos diskear Bauke de Boer wol. Yn de earste partij tsjin De Boer al wer in pear moanne lyn stûn Bos ek goed, mar moast it doe yn it einspul troch in slûchslim setsje fan de nestor ferlieze. Moandei bleau Bauke goed by de les en hold nei it middenspul it bêste fan de partij. Dat hold er sa moai fol oan de ein ta. Bos wie op syn winst wakker grutsk en dat mocht er wêze, want elk fan de Strikers wit dat jo De Boer net sa mar op ’e rêch ha.

Sneontemiddei yn de frouljuspartij briek de tweintich minuten de partij Hennie de Haan soer op. Sy hat wat mear tiid nedich. Dy tiid krige se moandeitejûn wol, mar likegoed luts se dochs oan it koartste ein tsjin Tineke Teigeler. Dizze lêste hat it hiel ûngelyk: de iene kear damt se as liuw en de oare kear wol it foar gjin meter. No witte alle Strikers wol hoe’t dat kin, mar dizze jûn spile se sterk en pakte se Hennie.

Utslaggen: Tjalling Goedemoed – Jan de Jager 1 – 0; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 1 – 0; Hindrik Twynstra – Tineke Teigeler 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Rients Winia 5 – 6.

De earste acht siet dus tsjin de acht fan Nocht en Kriich. In spannende oangelegenheid. Hast alle spullen brûkten de tastiene tiid op. Om tsien oer alven koe de einstân opmakke wurde: Nocht en Kriich - Stadige Strikers –  3½ - 4½.

Utslaggen: Folkert Groenveld – Jelle Wiersma 0 – 1: Siebe Walinga – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Henk Haanstra – Cor Kooistra ½ - ½; Sjoerd Couperus – Willem Schaap ½ - ½; Rein Jan Walinga – Bauke Dykstra 1 – 0; Willem Hoekstra – Dicky van der Meer ½ -½; Gerrit Schilstra – Ynte Dykstra 0 – 1; Jacob van der Goot – Ype Boelens 0 – 1.

 

 

Stadige Strikers sûnder Dooitze fierder.

Skearnegoutum. Ferline wike hat Striker Dooitze Ykema noch sa lake nei it damjen, doe’t Rients Winia fertelde oer it slaan fan ien houtsje yn plak fan twa. Hy sei doe: “Dit moat yn de krante!” De woansdei dêrnei is er sa mar ferstoarn. No moatte de Strikers fierder sûnder dizze echte dammer: yn elk spul helle er altiten alles út de kast.Tiisdei is yn oanwêzichheid fan tal fan Stadige Strikers Dooitze op ’e Gaastmar te hôf brocht.De Strikers sille him tige misse.

 Moandeitejûn siet Jan de Jager foar de twadde kear tsjin Hindrik Twynstra. Der moast noch in opskreaune partij ôfmakke wurde. De Jager stûn dêryn in houtsje foar, mar it oplettende omsittend laach seach dat Twynstra dy’t oan set wie mei in moai flypflapke op daam komme koe. In hiel skoft hat er der oer tocht, mar hy krige it net foarelkoar. De Jager bleau in houtsje foar. Dochs letter krige Hindrik in twadde kâns en doe sloech er wol ta.

Twa wike lyn hie er ek al fan Jan wûn. Doe waard er yn it stikje betitele as ús Hollander. No wûn er wer en no wurdt it hast tiid om him as echte dammer Frysk spul te sjen. Ek al omdat er, sa it ferhaal woe, foar de lins fan omrop Fryslânlive ferklearre dat it Fryske spul eins wol sa moai wie as it Hollânske. De skriuwer wol hjirby wol even opmerke dat Twynstra op dat stuit yn it hol fan de liuw siet en dat beide farianten harren eigen bysûnderheden en moaiichheden ha.

Utslaggen: Rients Winia – Bauke Dykstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 0 – 1; Jan de Jager – Hindrik Twynstra 0 – 1; Ype Boelens – Bauke Bos 1 – 0; Ynte Dykstra – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke de Boer – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Marjolijn Bakker – Hennie de Haan 0 – 1.

 

 

Hie in kweageast Rients Winia yn syn klauwen?

Skearnegoutum. Okkerdeis wie de stikjeskriuwer fan de Stadige Strikers om boadskip by Rients Winia thús. Doe seach er mei hokker boek de man dwaande wie te lêzen. Moandeitejûn nei it damjen hat er him wat soargen makke oer de man: Soe Winia mooglik it slachtoffer wurden wêze fan in kweageast?

It wie moandei in moaie damjûn. Der liken sa healwei de tiid in oantal ferrassende útslaggen út ’e bus te kommen. Sa stûn Bauke Bos in houtsje foar tsjin Goedemoed en like Kees Willem op in goed resultaat ôf te stevenjen tsjin Dicky van der Meer. Letter soe bliken dwaan dat fan dy ferassingen neat op ’e hispel kommen wie. Guon spullen gyngen hurd en oaren duorren lang, sa de partij tusken Jan de Jager en Dooitzen Ykema. De earste hie nei it middenspul de bêste papieren, dochs einige it yn kamp.

En dan it spul fan Winia. Hy siet tsjin de altiten fleurige Tsjerk Wiersma. Der kaam in moaie partij op it boerd. It is fansels in wûnder dat dy spullen altiten wer oars binne. De iene die net foar de oare ûnder! It spande der om wa’t de winst op strike soe. It kaam krekt! Mar by eintsjebeslút luts Winia dochs oan it langste ein.

Dêrmei is it ferhaal noch net ôfrûn, want der folge noch in sturtsje. Op ´e gong moast Winia noch wat kwyt oan in pear en de stikjeskriuwer krige dêr ek lucht fan. Hy fertelde it folgjende: “Yn it begjin fan it spul offere Tsjerk in houtsje, mar ik koe ek twa slaan, mar as ik twa slaan soe, dan koe Tsjerk in moaie slach úthelje. Dus ik tocht: Lit my mar ien slaan. Dat die ik en Tsjerk kikte nearne oer en sa gyng it!”

Alle Strikers kenne Winia as in earlike en evenredige man, dy’t de regels fan mearslach en sa by útstek kent. Wat der dy jûns barde, hie net ien tinke kinnen. Yn de fierste fierten net! En dochs rûn it sa wol. Winia hat it fêst foar de nacht noch even fan him ôf prate wollen, oars soe er mooglik gjin each ticht dien ha. Miskien no likegoed net. Wêr’t de skriuwer no sa bang foar is, dat Winia fertize sit yn de grypgrage klauwen fan in kweageast. Hooplik is it foar hiel koarte duer en lit er him net fierder mei slepe yn it ferdjer!

Utslaggen. Bauke Bos – Tjalling Goedemoed 0 – 1; Dooitzen Ykema – Jan de Jager ½ - ½; Ynte Dykstra – Marjolijn Bakker 1 – 0; Kees Willem Koopmans – Dicky van der Meer 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Rients Winia 0 – 1; Bauke de Boer – Jelle Wiersma 0 – 1; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra ½ - ½; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0.

 

 

 

Us “Hollander”wint fan Jan de Jager.

Skearnegoutum. Twa wike lyn pakte er Tsjerk Wiersma en dizze moandei wie wie ús “Hollander” as er dat lêst, springt er út syn fel, te sterk foar Jan de Jager. Wy hawwe it oer Stadige Striker Hindrik Twynstra, altiten like Frysk, mar in Hollânske dammer fandêr: ús “Hollander”

Hy moat oer elke foar de hân lizzende streek wiidweidich neitinke en dan komt er skytskoarjend ta it diedwerkelike striken. Jan de Jager  krûpte ûnder in houtsje, mar dat siigde him raar ta de boksen yn. Twynstra kaam ien foar en wûn. In oerwinning op him sels en op De Jager.

Us oare Hollander, berne yn it hert fan Fryslân: Grou, spile tsjin de kampioensklasser Sjoerd Jan Bakker. No dan witte jo it wol. It praat fan Sjoerd rûn by Tjalling as lij wetter yn de earen. Yn it einspul sloech Tjalling ta en tocht dat er wûn hie, mar Sjoerd woe ha dat er op  ’en nij slaan moast. Doe die bliken dat der in mearslach yn siet en dy moast Goedemoed nimme. De partij wie doe ek út, mar no wienen de punten foar Sjoerd Jan. It sprekwurd seit: Wa’t in kûle dolt foar in oar falt der sels yn.

Utslaggen  26-02-2012

Tsjerk Wiersma – Hennie de Haan 0 – 1; Hindrik Twynstra – Jan de jager 1 – 0; Ynte Dykstra – Cor Kooistra 0 – 1; Josette Kalteren – Kees Willem Koopmans 0 – 1; Ype Boelens – Dooitzen Ykema 0 – 1; Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 1 – 0; Bauke de Boer – Bauke Bos 1 – 0; Rients Winia – Dicky van der Meer  0 – 1; Tjalling Goedemoed – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Rients Winia – Bauke Bos 1 – 0; Dicky van der Meer – Jelle Wiersma 0 – 1.

 

 

Dit kin noch in moaie dei wurde.

Skearnegoutum. Boppesteande titel is delskreaun yn de Boalserter krante troch de stikjeskriuwer fan damklup Hartwert nei oanlieding fan de einútslach fan it klupkampioensskip. Trije klups wêrûnder De Stadige Strikers einigen doe op it twadde plak. Stikjeskriuwers ha de earen altiten goed iepen, oars ha se gjin stof fan skriuwen. Ek by de priisútrikking fan dy kampioenskippen wie harren fansels net ûntgien, dat de foarsitter der melding fan makke, dat se al in seal foar it ferfolch yn Noflik Easterein fergees ta skikt krigen hiene. Moai, dat koe noch wol ris in moaie, mar wol aparte dei wurde, om mar mei Stoffel mei te praten.

De Strikers wachten in útstel oer in datum fan it Bûn yn alle rêst ôf. Doe kaam der foar it persoanlike kampioenskip in brief fia de mail binnen rûgeljen. Yn dat skriuwen stie ynienen hiel wat oars. It bestjoer fan it bûn hie besletten, dat de te spyljen partijen op jûn plak fine soene. Der wie lotte en de data wiene bekend. Wa net koe, om hokker reden dan ek, hie it spul ferlern.

Dat nijs sloech by de Strikers yn as in bom. Fan te foaren gjin wurd fan oerlis. Hielendal neat! En dan sa! De datum wêrop wy in achttal ûntfange moasten stûn swart op wyt. Fansels pikten De Strikers sa’n manier fan bestjoeren net en makken dit kenber oan it bûn. Ek har reaksje dy’t moandei binnen kaam, aseme it selde út: It moast naaid wurde, sa as it knipt wie. Punt út! De Strikers beriede har.....

Der waard ek noch damme. Ferline wike kipen de útslaggen jin suver as hast net te leauwen oan. Dizze kear stelden de grutte mannen gau oarder op saken. Allinne it spul tusken Willem Schaap en de foarsitter bliek in útsûndering te wêzen. Sy brûkten omtrint de folle trije oeren. Willem moast oan de ein wat  hurd en koe it net risse.

Utslaggen. Sjoerd Jan Bakker – Jelle Wiersma 0 – 1; Tjalling Goedemoed – Bauke Dykstra 1 – 0; Rients Winia – Marjolijn Bakker 1 – 0; Josette Kalteren – Hindrik Twynstra 1 – 0; Jan de Jager – Dooitzen Ykema 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Bauke de Boer – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Ynte Dykstra – Ype Boelens 1 – 0; Tineke Teigeler – Kees Willem Koopmans 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 1 – 0; Bauke de Boer – Rients Winia 1 – 0; Tineke Teigeler – Marjolijn Bakker 1 – 0; Kees Willem Koopmans – Tsjerk Wiersma 0 – 1.

 

 

Frysk spul dammers binne aparte houtsjes.

Skearnegoutum. As der iis leit dan wolle dy dammers Frysk spul ride. Hearre se in hij oer de wjuk gean dan moatte se nedich fuort te aaisykjen. En as yn de iere maitiid de perken útlein binne, dan wurdt der keatst en ha dy dammers it boerd en de houtsjes al lang wer opburgen. It bliuwe aparte houtsjes dy dammers Frysk spul.

By damklup De Stadige Strikers is dat net oars. Dochs is sa’n hâlding hiel goed te begripen. It seit wat fan harren spul: oer alles, alle kanten út dus. De flerken útslaan. Sa as jins spul is, is de persoan sels. Sokke minsken ha er it mier oan om yn in fêst stokramt te rinnen. Oan de oare kant is it ek wer sa: wêr’t jo oan begjinne, moatte jo ek ôf meitsje.

Seis Strikers dogge dizze wiken mei oan de persoanlike kampioenskippen. Us kompetysjelieder, Willem Schaap, hold dêr rekken mei by it yndielen fan de partijen foar de klupkompetysje dizze jûn. Al dy kampioensdammers krigen in op papier wat mindere tsjinstanner út de twadde klasse. No dat ha dy “promininten” witten.

Nim no de partij fan good old Jan de Jager tsjin Diky van der Meer. Beide sieten se wakker stûf te damjen. Se sieten wat apart fan de oaren. Der siet teminsten ien frij damboerd tusken. It omsittend laach hearde de beide mannen suver net. De oandacht gyng ek mear út nei de partij fan Rients Winia, dy’t it opnimme moast tsjin Sjoerd Jan Bakker. De lêste hie noch wûn tsjin Folkert Groenveld en kamp spile tsjin Taeke Kooistra. Tsjin dizze man gyng Winia, dy’t nea heger damme as yn de earste klasse op bûnsnivo, de striid oan. En hoe! Bakker waard der stil fan.

“No ik jou it op, ik kin net mear!” klonk ynienen út de oare hoeke. It wie de stim fan Dicky. Dy dogeneat fan in De Jager hie him sa yn ’e skjirre, dat er foar Van der Meer gjin útwei mear wie. Dat wie in grutte ferrassing! Elk wit dat dy âlde Snitser sa taai is as hier, mar hy wie wat twifelriedich op de klupjûn kommen. It soe wol en it soe net; net al te bot by it spul, mar dochs der mar even út om de sinnen te fersetten. Nei de winst seach de wrâld fan De Jager der al wer in stik fleuriger út.

Yntusken siet Winia noch folop yn de partij. Hy moast in houtsje wei jaan om troch te brekken nei daam. Bakker krige doe ek frij paad om in daam te heljen. Om in lang ferhaal en in lang einspul koart te meitsjen: nei goed spyljen, skuorde de Boalserter der kamp út. In prachtich resultaat.

Bauke Dykstra hie it mar dreech tsjin Ype Boelens. Dizze lêste skode in prima partij. Soms is Ype  yn in sucht fan it boerd feegd en in oare kear is er op gjin foutsje te betraapjen. Sa wie dat moandeitejûn ek. Bauke hat miskien op in misser fan Ype sitten te wachtsjen, mar dy kaam net. Nee sterker noch: Dykstra hie yn it einspul gjin skyn fan kâns. Foar Ype twa grouwe punten en dy koe er wol brûke.

De man dy’t yn elts gefal mei in poerbêst sin op hûs ta sette, wie nimmen minder as Hindrik Twynstra. Hy pakte yn in klassyk einspultsje de winst en dat noch wol tsjin de alleskinner Tsjerk Wiersma. Elkenien gunde Twynstra de winst, mar ek elkenien hold de siken yn by it sjen nei it einspul. “Jo moatte der wol rekken mei hâlde dat jo mar trije kear mei de daam meie, dan moatte jo wer mei it houtsje” sei syn tsjinstanner sportyf. As jo it hiele libben skean damd ha, dan wolle jo sa’n typyske damregel fan it Fryske spul gau ferjitte. It kaam gelokkich goed, al moat der by sein wurde, dat Wiersma wol even skerper strike kinnen hie. Kamp hie der altiten yn sitten, mar dêr hie Twynstra gjin boadskip oan. Hy die rillegau de jas oan om sa gau mooglik it blide nijs oan syn frou oer te bringen.

Utslaggen: Ype Boelens – Bauke Dykstra 1 – 0; Tjalling Goedemoed – Willem Schaap 0 – 1; Hindrik Twynstra – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Hennie de Haan – Kees Willem Koopmans 0 – 1; Rients Winia – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Dooitzen Ykema – Bauke Bos 1  - 0; Dicky van der Meer – Jan de Jager 0 – 1; Bauke de Boer – Cor Kooistra 0 – 1.

 

 

It geastlike libben fan de Strikers yn kaart.

Skearnegoutum. Der kamen moandeitejûn in stik minder dammers op ’e klupjûn, as gewoanwei. Dat hie te meitsjen mei de tredde ronde fan it persoanlike kampioenskip dy’t in jûn letter yn Jorwert ferspile wurde soe. Der waarden gjin echte spektakelpartijen spile en guon fan de Strikers sieten om goed njoggen oere al sûnder partij.

Ien fan de mannen, dy’t op syn sjauffeur wachtsje moast, pakte dêrom syn boek. Dat gyng oer it Hindoeïsme. Fan it ien kaam it oar en binnen in sucht kaam it hiele geastlike libben fan in oantal Strikers yn kaart. In boeiende diskusje.

De dammers dy’t noch mei harren spul dwaande wiene, ha fêst mei in heal ear mei niget nei it petear harke. Dat die Bauke de Boer fêst ek, want de mannen kamen mei harren iepenheid by útstek op syn mêd. De Boer moast ek damje en dat die er likegoed der wol eefkes njonken it harkjen mei sân pear earen derby. Yn in moai einspul like Ynte Dykstra de nestor dochs in oar ear oan te naaien. De Boer moast in houtsje fuort jaan om slimmer foar te kommen. Nei noch in pear streken seach er mei in houtsje minder dochs noch in mooglikheid fan kamp. Ynte hat er wakker oer prakkesearre, mar bea op de stân mei elk in daam en in houtsje kamp oan. Sa gau hie dat no ek wer net hoegd, mar om koart te kriemen: beide mannen wiene ynnommen mei de heale punt, mar De Boer it meast.

Hindrik Twynstra sjocht faak allegearre apen en bearen yn it Fryske spul. Dat is wol singulier, want wy ha dy bisten hjir hielendal net en al hielendal net by it Frysk damjen. Likegoed sjocht Twynstra se wol. Moandeitejûn naam er it foar de tredde kear op tsjin Marjolijn Bakker. Dy siet gesellich yn de kwebbelhoeke mei Tineke en Bauke Bos. Likegoed stie se der goed op en se se seach har tsjinstanner wakker op ’e stoel omskeuken en dat joech har betrouwen yn in goeie ôfrin fan de partij. Mar dat geskeuk hie ûndertusken wol wat yn de boppekeamer fan Hindrik losmakke, wêr’t Marjolijn gjin euvelmoed yn hie. Sy gyng folop yn de oanfal rjochting de fijannige daamline. Doe´t Twynstra dêr even in skoatteltsje foar skode wie de oanfal der út en moast se fierder mei in houtsje minder. Doe folge der noch in wat ûndefiniearbere ôfruil en de partij wie út. Twynstra hie de apen en bearen ferslein.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1; Hindrik Twynstra – Marjolijn Bakker 1 – 0; Bauke de Boer – Ynte Dykstra ½ -  ½; Kees Willem Koopmans – Willem Schaap 0 – 1;Tjalling Goedemoed – Dooitzen Ykema 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Cor Kooistra 0 -1; Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Dooitzen Ykema – Tsjerk Wiersma 1 – 0.

 

 

Fyftjin man en Hennie koene it net hâlde tsjin de kampioen.

Hartwert. It jout neat, elk wie it der oer iens, de freonskiplike damwedstriid tusken Hartwert en De Stadige Srikers, wie in gesellich en sportyf treffen. Uteinlik moasten de Strikers mei in rejale nederlaach genoegen nimme. Dat wol net sizze, dat de mannen en ien frou gjin kânsen hân ha op in wat draachliker útkomst. Kânsen moatte jo net slûpe litte, bart dat wol dan is der foar fyftjin man en Hennie gjin salve oan te striken.

Us nestor joech oars al yn in ier stadium it goeie foarbyld. Hy rôle yn de koartste kearen de ponghâlder fan it bûn, Piet Sikma, op. De lêste woe net dat De Boer moai nei efteren ôfruilje soe, die dêrom in spekulative streek dy’t him dêrnei gau needlottich waard. Us oare tachtiger, Jan de Jager, hie wat te gau in houtsje te min. Fan Ids Boersma soe men oars ferwachtsje kinne, dat dy wol wat tuike, tuike oan dwaan soe mei sa’n âld man. Mar nee fuortendaliks der mei alle geweld tsjin oan. Doch liet Jan him net hielendal ferkasse en spile as in jongkeardel. Mei moaie setten en streken skuorde dizze Striker der dochs noch in heale punt út.

De twa Snitsers en twa tachtigers soargen dus foar oardel punt. De tredde man út dy stêd, noch twa oare stedsgenoaten wiene spitigernôch net fan de partij, hat de hiele wedstryd tocht dat er ferlieze soe en dat joech er dan ek wiidweidich oan it omsittend laach te kennen. Yn Hartwert kenne se de man wol en syn kleien nimme se mei in kerreltsje sâlt. Eins siet, Sjoerd Jan Bakker te kleien oer in folle trôch, want wat wie dat in moai spul tsjin Stoffel Bouma. De lêste waard strikendewei stil en wat wyt om ‘e noas en doe ynienen seach er dat it altiten kamp wurde soe. It wie fuortendaliks allegearre drokte mei de man. It kaam der dus op del dat alle Snitsers mannen, wy ha it no even net oer Hennie, net ferslein waarden. Moai wurk.

Der wie noch in oare groep, dy’t gjin belies hoegde te jaan. De trije besjoersleden garren mei har trijen ek twa puntsjes byelkoar.Ype Boelems moast it opnimme tsjin Sjoerd Teake Kooistra. Dy twa sieten okkerdeis yn Easterein ek tsjinoer elkoar. Doe wûn Ype. No wie it dus eins Sjoerd syn beurt, mar dat slagge net. It waard kamp. It selde die Bauke Bos. Hy moast tsjin Herman Scheltinga. Hoe’t it krekt om en ta gyng is de skriuwer net bekend, wol dat se sa no en dan aardich oan de praat wiene en sa pratendewei ha se de punten dus parten. It tredde besjoerslid, Cor Kooistra, mocht op ’n nij tsjin Tsjerk Wybenga. Yn Easterein diene se ek tsjin elkoar en no soe it deselde útslach wurde as dêr. Kooistra wûn.

Willem Schaap en Jelle Wiersma pakten ek it folle punt. Germ Terpstra sei sa’n bytsje yn it middenspul: “Ik hie yn it begjin in houtsje foar komme kinnen, mar doe ha ik dêr hielendal net op sind” Elk dy’t dat hearde, wie nijsgjirrich oft dat ek sa wie. Nei it winnen fan Jelle, waarden de houtsjes wer opsetten en ferdraaid noch oan ta Germ hie gelyk. Jelle bofte dus even. Willem moast tsjin de altiten taaie Jan Bouma. Dochs seach Schaap it al wakker gau mei fertrouwen te mjitte, want hy kaam wol gau ris eefkes lâns om te buorkjen. Willem hie de plakken fan de spilers oanwiisd, mar hie him sels wol hiel leech del setten: it sande boerd! Lykwols, hy wûn  wol.

Alle oare Strikers koene it net bolwurkje en moasten mei de sturt tusken de bonken werom nei hûs. Guon hellen der net út wat der ynsitten hie, mar ja hienen se dat wol dien dan wie de oare klup winner west. It oar jier hoopje wy elkoar wer te treffen.

Utslach. Hartwert e.o. – De Stadige Strikers 10 – 6. Germ Terpstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Tsjerk Wybenga – Copr Kooistra 0 – 1; Stoffel Bouma – Sjoerd Jan Bakker ½ -½; Taeke Kooistra - Tjalling Goedemoed 1 – 0; Fedde Wiersma – Bauke Dykstra 1 – 0; Germ Bruinsma – Dicky van der Meer 1 – 0; Jan Bouma – Willem Schaap 0 – 1; Sjouke de Boer – Ynte Dykstra 1 – 0; Sjoerd Teake Kooistra – Ype Boelens ½ - ½; Klaas Abma – Rients Winia 1 – 0; Piet Sikma – Bauke de Boer 0 – 1; Klaas Wiersma – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Ids Boersma – Jan de Jager ½ - ½; Herman Terwisscha v Scheltinga – Bauke Bos ½ - ½; Klaas Oosterhof – Hennie de Haan 1 – 0; Sibe Elzinga – Hindrik Twynstra 1 – 0.

 

 

 

In klup fan âlde mantsjes?

Oan ‘e ein fan ‘e partij wurdt de parij faaks noch efkes neirûn en faaks steane der dammers om hinne, dy’t sizze: asto it no sa en sa dien hiest…..dan…..? Mar it omsittend laach wit it faaks better, want dyjinge hat de spanning fan it spul ek net en sit efkes nofliker te sjen nei it spul dan de spyljende dammers, dy’t elk sa graach winne wolle. Ien fan ús spylsters die in skokkende bekentenis. Se tocht doe’t se har as earste frou sûnt jierren in jier of wat ferlyn by de klup oanslute woe dat it in klup wie fan âlde mantsjes dy’t alles better witte soene. Mar hjir fersinde se har yn want der sitte ek jongere mantsjes by en nei ferrin fan tiid kamen der jongere froulju by en froulju kinne skerp wêze. Dat murk Bauke Bos doe’t hy it opnimme moast tsjin Marjolijn Bakker. Marjolijn hie de kop der goed by en liet Bauke goed skrikke troch nei in ôfruil in moaie daam te heljen. Spitigernôch foar har sloech se de daam nei it minste plak en Bauke weefde der gau mei ôf. De daam wie fuort en Marjolijn ferlear de partij. Nei analyse fan de better wittende mantjses die bliken dat it oars kamp wurden hie as se beide goed strutsen hiene. Us âldste froulike dammer tocht Hindrik Twijnstra efkes te pakken te nimmen troch in houtsje efterút te striken. Se sei: “ik sjoch it net, mar no wol”. Lokkich wie Twijnstra wol skerp en seach Hennie har streek en wiisde har der op dat se de oare kant út strike moast. Dochs joech it neat foar Twijnstra, want neidat Hennie twa dammen helle hie en Twijnstra ien, wûn Hennie dochs de partij, mar no wol op in earlike manier. It wyklikse praatsje fan de foarsitter, dy’t efkes mei fekânsje wie, waard tige mist en de Strikers wiene earst suver wat rêstich, mar no koene we wol earder los en wiene de measte dammers moai op tiid klear, útsein Kees Willem Koopmans, in jongere dammer en Jan de Jager, in âldere dammer, dy’t wat langer wurk hiene en de namme Stadige Striker heech hoden. Dochs kaam oan dizze partij ek in ein en wûn Koopmans de partij. Hy wie tige optein, want in puntsje koe hy wol brûke. In âldere tsjin in jongere, it kin allegearre by de Stadige Strikers.

Utslaggen:

M. Bakker- B. Bos 0-1; B. de Boer – S.J. Bakker 0-1; H. de Haan – H. Twijnstra 1-0 ; Y. Boelens – J. Kalteren 1-0; J. de Jager – K.W. Koopmans 0-1; T. Teigeler – R. Wijnia 0-1; T. Wiersma – B. Dijkstra 0-1; J. Wiersma – T. Goedemoed 1-0; Y. Dijkstra – W. Schaap 0-1

 

 

Twa Eastereinder toppers te plak setten.

Skearnegoutum. Net dat beide mannen der eigenwiis om wurden binne, mar se rûnen sneon nei ôfrin fan de klupkampioenskippen yn Easterein dochs wol even oars om as gewoanwei. Dizze beide Stadige Strikers wûnen sneon alle trije partijen. Dooitzen Ykema die dat yn it earste en Rients Winia yn it twadde achttal.  Fan grutskens begûnen se wat te sweven, mar moandeitejûn binne se wer mei de fuotten stevich op de grûn setten.

De foarsitter hie de kampioenskippen oan it begjin fan de jûn noch even oer eide en beide mannen yn it bysûnder in fear yn de broek stutsen. Mooglik ha se doe in gefoel krigen fan ûnoerwinlikheid, mar wat pakte dat oars út. Willem Schaap hie hielendal gjin moederaasje mei Ykema en dy partij wie ek binnen de koartste tiden út. “Ik sjoch der jûn neat fan!” sa spruts Dooitzen. Ja it libben is net altiten rys mei resinen, it is ek wol ris grôt mei krôde. “Ien gelok, ik bin hjoed moai op tiid thús by de frou!”

Winia hold wat langer stân, mar moast ek al gau belies jaan. No siet hy ek net tsjin de earste de bêste. Tjalling Goedemoed wie syn oppenint en dan wit sa’n ien as Winia it wol. Boppedat hie de man te hearren krigen dat dy selde Goedemoed syn fysike ferskining ek wol ris feroaret. Sa stûn er as in hiele sterke krachtpatser yn de Snitser ôfbylde. Hoe dan ek, om koart te gean: Winia hie neat yn de molke te krommeljen. Hy wist nei de tiid wer hoe let it wie.

Net dat er sneon sa goed foar it ljocht kaam, mar op de klupjûn koe it net better foar Dicky van der Meer. Earst fersloech er Ype Boelens en dêr hie er net folle tiid foar nedich en dêr nei woe er it ek noch wol even op nimme tsjin Bauke Dykstra. De partij soe dan altiten noch wol opskreaun wurde kinne. Dêr kaam it net oan ta: ek pakte hy binnen de koartste kearen Bauke yn en sa ried er mei twa grouwe punten werom nei Terherne.

Bauke de Boer ús nestor die net foar him ûnder. Hy pakte ek twa punten. Earst moast Twynstra der oan gelove en dêr nei liet er Tjerk Wiersma ek al hoeken fan it boerd sjen. De Boer rûn mei in bulte selsfertrouwen troch it damsealtsje en dat kaam miskien ek wol omdat er krekt syn earste komjûterles hân hie en wakker sin oan de twadde hie. Is dat net prachtich, 89 jier en dan op kompjûterles. De man sit net achter in gewoan skermke plus kast, nee hy docht it thús fuortendaliks op in laptop. Noch even en hy ynstalearret it damprogramma Lusoris der op, no dan kinne wy by de Strikers noch wat belibje.

By alle winstpartijen wie der ien spul dat yn kamp einige. Foar de iene spiler fielde dat noch folle mear as winst. Bauke Bos hie it noch nea foar elkoar krigen, mar no hold er Sjoerd Jan Bakker op kamp. Foar Bos geweldich en hy koe hast net fuort komme en dochs soene jo tinke kinne fan: “Gau nei hûs yn Sint Nyk, dan kinst it de frou fertelle!” Bauke woe der earst noch wat fan genietsje yn it damsealtsje en gelyk hie er.

Utslaggen: Hennie de Haan – Ynte Dykstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Jelle Wiersma – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Jan de Jager – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke de Boer – Hindrik Twynstra 1 – 0; Bauke Dykstra – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Rients Winia – Tjalling Goedemoed 0 – 1; Dooitzen Ykema – Willem Schaap 0 – 1;Tsjerk Wiersma – Bauke de Boer 0 – 1; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0; Bauke Dykstra – Dicky van der Meer 0 – 1; Jan de Jager – Hindrik Twynstra opskreaun.

 

 

Sûnder pine gjin striid!

Skearnegoutum. Nije leden bringe faaks ek wer wat oare ideeën en somtiden ek oar sizzen mei. Sa hat Stadige Striker Tjalling Goedemoed altiten foar de Strikers wol wer wat nijs te bringen.  Moandeitejûn sei er, hy is meartalich: No pain, no game. Hiel frij oerstten sille wy dêr mar fan meitsje: Sûnder pine gjin striid.

It is fansels net sa frjemd dat dy Goedemoed him noch wol ris even hearre lit. By it Hollânske spul moat er gewoan mûsstil wêze. Yn Skearnegoutum hâlde se dêr net fan. Dêr moat sa no en ta even in moai sechje by. Of noch ris even gewoan wat eamelje en wat nijs útwikselje. Wat soe it oars in deade boel wêze en wer soe in stikjeskriuwer it dan alle wiken oer ha moatte. Partijen analysearje? No dêr is foar de trochsnee lêzer ek net folle oan. Of Tsjalling moandeitejûn pine hân hat, witte wy net, mar hy waard sa út en troch wol even hiel stil. Striid wie der yn elts gefal wol.

Jelle Wiersma sei ynienen ek net sa folle mear. Hy bleau ek in tiid lang stevich en stil op ’e stoel sitten. Dat hie syn reden: Jelle stûn tsjin syn “angstgegner” Willem Schaap in houtsje efter. Soe dy Willem it him wer lappe. Jelle hat fêst ek tocht: sûnder pine gjin striid. Dêrom begûn er ferskuorrend te harsensskraabjen  en pinige er syn boppekeamer. En dat die fertuten. Hy kaam wer lyk, koe wer ris in slach troch it sealtsje hinne, sa hjir en dêr ris even in praatsje en dan wer mei nocht efter it boerd. Elk fan it omsittend laach koe oan him sjen, dat it wol goed mei him kaam. En dat kloppe as in swolme finger. Willem, sa mei folle moed en in houtsje foar begûn, moast dochs de ear oan syn âldbuorman litte.

Earst in houtsje te min, dêrnei in houtsje foar en doe in dreech einspul. Oer Hindrik Twynstra giet it hjir. Tsjinstanster Hennie de Haan stûn yn dat einspul dus ien achter. Twynstra hie even goed ta knipe kinnen, mar dat die er net, om’t er allegear apen en bearen seach. De sneons dêrfoar wie er mei it Hollânske spul noch groepswinner wurden yn Wâldsein. Dat Fryske spul is foar him oare koek. Hy seach allinne mar de mooglikheden fan Hennie, mar fergeat wat er sels koe. It draaide der op út, dat er ferlear en dat kaam omdat er net yn syn eigen spul leaude. Spitich! Foar Hennie fansels moai, mar ja wy witte wol: de iene syn dea is de oare syn brea.

De Strikers wienen dizze jûn moai swiet oan it skowen. In beskút mei mûskes ta eare fan lytse Jesse der by, it koe net better. Ynte woe fansels ek winne, want dan soe dat stikje mei útslaggen moai yn it plakboek fan syn soan kinne. No witte wy net of Bauke Bos der wat oan mei wurke hat om Ynte in posityf resultaat te gunnen en dat dan allinne foar de lytse Jesse. En of der mooglik wat ûnder de tafel troch gien is, wy witte it net mar ien ding stiet fêst: Ynte wûn!

Jan de Jager strykt dit jier bearesterk. Ferline wike ferlear er noch op haren en snaren, mar diskear soe er it wol ta in goed ein bringe. Hy stûn der prachtich op en ek noch in houtsje foar. Der koe him eins neat mear pleagje. Tocht hy en de omsitters faaks ek. It bliuwt damjen fansels. Der kin sa mar in flypflapke yn kommme. Boppedat siet er tsjin Rients Winia en dy lit him ek net sa mar de bek ticht bine. Nee dy hie noch wol even wat te melden . Op it damboerd wol te ferstean. De Jager ruile noch even ôf, mar kaam dêr net better troch te stean. De âldskieppeboer seach in kânske en liet net los en doe by eintsjebeslút feroare dat kânske yn in hûndert persint kâns en Winia wûn.

Utslaggen.Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Tsjerk Wiersma – Dooitzen Ykema 0 – 1; Bauke Bos – Ynte Dykstra 0 – 1; Marjolijn Bakker – Bauke de Boer 0 – 1; Jan de Jager – Rients Winia 0 – 1; Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Hindrik Twynstra 1 – 0; Tjalling Goedemoed – Cor Kooistra ½ - ½; Marjolijn Bakker – Kees Willem Koopmans 0 – 1; Ype Boelens – Bauke de Boer 0 – 1.

 

 

In poerbêst begjin foar Hennie de Haan.

Skearnegoutum. Snitser Hennie de Haan is no al wer wat jierren lid fan de Stadige Strikers en dat is moai . It is in goeie saak foar in klup dat der ek froulju lid fan binne. Oer Hennie is al hiel wat skreaun en faak kaam it der op del dat se geweldich damd hie, mar it dochs ferlear. Sa fan: Fanke, fanke wat hast damd; mar ûndertusken gyng se wol mei lege hannen nei hûs.

Dit nije jier begûn poerbêst foar har. Earst weefde se eefkes goed ôf mei Marjolijn Bakker. Dy makke it Hennie nei in flypflapke ek wol hiel maklik, mar ja sa giet it soms. Doe woe frou De Haan it noch wol even opnimme tsjin Bauke Boelens. Mooglik hat Bauke tocht: “Tsjin in frou ferlies ik it noait!” Dêrtroch skode er faaks net op syn iepenst en liet him sa dwaande ferrasse troch in moai útlûksetsje. Bauke wie yn ien kear fan slach en joech nei noch in pear streken mei pine yn it hert Hennie de hân.

Wat hat er damd dy Jan de Jager. It liket wol dat er yn syn tachtichste oan in nij damlibben begjint. Dit damjier is it eins noch net foarkommen dat er him sa mar ôfslachtsje litten hat. Moandeitejûn siet er tsjin Bauke Dijkstra en de partij gyng de hiele tiid moai lyk op, mar úteinlik moast er belies jaan op de stân fan fjouwer om fjouwer. “Wat ik ek doch, ik ha it altiten ferlern!” sa spriek De Jager wol wat spitich. Oan de oare kant wie er ek wer grutsk op him sels. Omdat er sa goed partij jûn hie. De omstanners en Bauke wiene it dêr roerend oer iens.

It like de earste damjûn fan it jier foar Hindrik Twynstra, de nije Frysk kampioen tredde klasse op neat út te draaien. Of der in Hollânsk streekje oan foar ôfgie of gewoan in sleauwichheidsje wit de skriuwer net, mar wol dat tsjinstanster Tineke Teigeler sa mar yn de lange hoeke in daam helle. Twynstra siet raar te knypeagjen en hy waard der skier fan om ’e noas. Dochs pakte er him sels even oan en gyng der plat foar. Dat die fertuten, want trije kertier letter wie de daam fuort en stûn de kampioen in houtsje foar en op winst. Jo binne kampioen of jo binne it net , sa is it ek altiten noch in kear.

Utslaggen. Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Dijkstra – Jan de Jager 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Dooitzen Ykema 1 – 0; Cor Kooistra – Rients Winia 1 – 0; Harry Postma – Bauke Bos 1 – 0; Tjalling Goedemoed – Bauke de Boer 1 – 0; Tjerk Wiersma – Bauke Boelens 0 – 1; Hennie de Haan – Marjolijn Bakker 1 – 0; Hindrik Twynstra – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Boelens – Hennie de Haan 0 – 1.

 

 

Ik wol it graach wat stiller ha!

Skearnegoutum. De bern binne yn dizze tiid faak wat drokker en bolbjirkender as oars. De tiid fan it jier seit men dan. Of dat ek jildt foar de Stadige Strikers? Dat soe bêst sa kinne. Ien fan de droktemakkers sei op in bepaald stuit: “Ik wol it graach wat stiller ha!”

As de Strikers ien kear oan it wurd komme, dan hellet it iene wurd it oare út. Fan alles komt dan oan de oarder: fan fuotbal, de posysje fan Jans oant it misbrûk fan lju fan wa jo it no krekt net ferwachtsje soenen. Sa no en dan moast de foarsitter der op wize dat sy foaral kamen om te damjen. Dan gyng it wer in skoftke goed en dan flikkeren de ferhalen wer even op.

Likegoed waard der hiel aardich damd. Dat is nammentlik ek it moaie fan de dammers Fryske Spul, dy kinne twa dingen tagelyk: Sterk damme en snedich prate. Winia en Koopmans hienen net folle op mei dat praat. Sy bestriden elkoar op libben en dea. Winia like de bêste kânsen te hawwen, mar Kees Willem joech prima partij en helle der fakkundich kamp út. Dat hie er ferline wike ek dwaan moatten, mar doe siet er mei de klok yn ’e mage. Diskear stûn der noch tiid by de fleet op syn oerwurk en dan strykt it gewoan wat makliker.

Se sitte echt wol wat as hoantsen tsjinoer elkoar, mar dan wol yn de goeie sin fan it wurd: Jostte Kalteren en Tineke Teigeler. Freedtejûn op it toernoai wûn Josette noch, mar diskear moast se de ear oan Tineke litte. De partij wie ek frij gau beslikke. Miskien kaam dat ek wol om dat it it lêste spultsje fan dit jier wie. Al mei al gyng it te hurd. Mar ja as der in pear grutte flypflappen yn komme dan is it ornaris gau bekeken.

Utyslaggen: Bauke Dykstra – Jelle Wiersma ½ - ½; Jan de Jager – Cor Kooistra 0 – 1; Dicky van der Meer – Tjalling Goedemoed 0 – 1; Rients Winia – Kees Willem Koopmans  ½ - ½; Bauke Bos – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Bauke de Boer 0 – 1; Josette Kalteren – Tineke Teigeler 0 – 1; Hindrik Twynstra – Hennie de Haan 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Boelens 1 – 0;

 

 

Dy Jan de Jager is noch net sa min.

Skearnegoutum. “Jimme fine ús te min seker om hjir te sitten!” sa spriek De Jager doe’t twa bestjoersleden fan de Stadige Strikers in wat rommer plak sochten oan de lytse tafel. Dy lytse tafel neamt men ek wol ris de tafel fan de toppers. Mar dat slacht fansels ek nearne op. Allinne is it wol sa dat men oan de lytse rigele meastal wat mear earmslach hat. Letter op de jûn die  bliken dat dy Jan noch net sa min is.

Ien te min fine stiet net yn it wurdboek fan de Stadige Strikers. De Strikers hâlde fan rjucht en sljucht en oan minsken mei kapsones ha se it mier. Der waarden moandeitejûn wer tal fan partijen damd wêryn op papier noch al wat klasseferskil siet. Dan is it faak sa dat de dammer út de legere klasse in poerbêst spul hat, mar op it lêst de partij dochs noch ferliest. Dat wie sa yn de partij fan Sjoerd Jan Bakker tsjin Kees Willem Koopmans. De lêste hie mar krekt even ta hoegd te knipen en hy hie dy Sjoerd Jan smoard. Hy kniep wol, mar joech ek alle kearen wer lucht. Dan witte jo it wol. Elk luchtbûltsje is foar Bakker yn sokke partijen in begjin fan oplibjen. Op it lêst krige er noch mear lucht as wer er op rekkene hie en dêr profitearre er folslein fan.

Yn Jan de Jager syn partij tsjin talint Ynte Dijkstra gyng it hiel oars. Yn wêzen wurdt Ynte fansels heger ynskatten, mar De Jager hie dêr lak oan. Hy joech taai en sterk partij, krige twa dammen tsjin ien en wûn. No is der foar Ynte in doekje foar it bloeden. Hy stiet sa’n bytsje op it punt om heit te wurden. Hy rint as it wiere op alle dagen. No en wat wolle jo dan ek as jo tsjin it omfallen oan sitte.  Likegoed kinne wy hjir mei de prestaasje fan De Jager fansels net leech del lizze. Nee dy âlde Jan is noch net sa min.

Hennie de Haan is fiersten te leaf. Dy Tsjerk hie in stân as in brijwein, mar Hennie hat Tsjerk gewoan sparre. Se hat fêst tocht: “Net te gek mei dy âlde hurdkûter!” Dat koe hiel oars, mar ja men moat it wol sjen. Bauke de Boer, har meirider, koe kamp meitsje, wie te leaf en die it net. Doe  gyng der in auto mei in te leaf spantsje werom nei Snits.

Utslaggen: Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Jan de Jager – Ynte Dykstra 1 – 0; Ype Boelens – Rients Winia 1 – 0; Bauke de Boer – Dooitzen Ykema 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Hennie de Haan 1- 0; Cor Kooistra Bauke Bos 1 0.

 

 

Sinteklaasfeest by Strikers.

In jonge Helpsinteklaas
Wie by de Strikers de baas
Hy sei: “Altiten dat stadige gestin
Is my eins mar min nei’t sin
Jûn sil ik jim net mije
Mei faasje sil ik jim krije
Trije spultsjes yn in kertier
Sa is it wis en wier
It jout in protte wille
En dan kin men in soad tille!”

De Strikers gongen mei gong út ein
De houtsjes binne witwersanne flein
Kamen ek altiten wer te plak
Elk krige dizze jûn syn gerak
Nei trije rûnten joech ien belies
Dy sei: “Ik leau dat ik myn harsens knies!”
De oaren strieken fûl en helder op
Guon mei in hiele reade kop
Oan ’e ein fan al it geflean
Kamen de punten op it boerd te stean
Jelle, Ype en Sven wienen de bêsten
Oaren ek goed mar wol de lêsten
Tjalling, Bos en Hindrik op twa
Foar harren foel de skea noch ta
Elk krige nei ôfrin in tsjokke reep
Sa kaam ûnder dit barren in streep
Wy tankje de Helpsint foar dit feest
It hat foar elk fan ús wer moai weest.

De Stadige Strikers

  

 

 

Lit dat hynder dan ek stean.

Skearnegoutum. “Ik hie dy rún net fan stâl helje moatten. Dat is gewoan myn ferliezer wurden!” sa prottele Stadige Striker foarsitter Cor Kooistra nei ôfrin fan de partij. Us nijste lid út Ljouwert joech fuortendaliks advys: “Lit sa’n hynder dan ek stean man” Dat wienen wiere wurden.

Kooistra hie der fierders net folle oan, want it ferlies nei in prachtige partij tsjin Bauke Dykstra wie dochs al in feit. Mar ja hy hie nea dy bok skowe moatten, mar ja yn tiidneed docht in dammer wol ris rare sprongen. Yn dit gefal mei it hynder dus, mar mis.

It spul like wol wat op de Hollânske fariant. Dat wie net sa gek want ien fan de beide spilers is in ferneamd dammer yn dy spulsoart. Tjalling Goedemoed, siet sneon noch te winnen yn Arnhim foar damklup De Oldehove út Ljouwert en by de Strikers siet er moandeitejûn tsjin Willem Schaap. Dy lêste hâldt ek bot fan aventoer, it wie de omsitters dan ek net frjemd dat der in enoarm spektakel op it boerd kaam. Allerhande lopen en flypflappen sieten der yn, mar net ien fan de beide liet him fange. Yn it einspul luts Tjalling wol oan it langste ein en dêr mei liet er syn klasse wer efkes sjen.

“Ik hew it fersketen!” sei Ynte Dykstra, nei’t him frege waard hoe’t er der foar stûn. It gyng oars as it slydjage yn syn spul tsjin kammeraat Kees Willem Koopmans. Hy kaam noch foardat it middenspul ynsicht kaam in houtsje foar. Kees makke troch in moai slachje wer gelyk en doe hie Ynte it neffens him dus fersketen. No dat foel wol wat ta, mar mear as kamp siet der net yn. Sadwaande ferliet Kees Willem as morele winner it striidperk en dat wie him oan te sjen. Winne of lykspylje tsjin jins bettere maat fielt altiten goed.

Utslaggen. Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Willem Schaap – Tjalling Goedemoed 0 – 1; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 1 – 0; Kees Willem Koopmans – Ynte Dykstra ½ - ½; Rients Winia – Bauke de Boer 1 – 0; Hindrik Twynstra – Tineke Teigeler 0 – 1; Josette Kalteren – Dooitzen Ykema 0 – 1; Hennie de Haan – Jan de Jager 0 – 1; Ype Boelens – Marjolijn Bakker 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Bauke Bos 1 – 0; Hindrik Twynstra – Sven Kalsbeek 0 – 1.

 

 

Damklup de Stadige strikers 30 jier.

It lytse klupke mei syn trouwe leden út Skearnegoutum en de wide omkriten bestiet dizze moanne 30 jier. It bestjoer, besteande út: foarsitter Cor Kooistra, skriuwer Bauke Bos en ponghâlder Ype Boelens woenen dit heuchlike feit net samar foarby gean litte en ha in echte en hechte feestkommisje besteande út froulike leden opdracht jûn in feestje te organisearjen. Wat allinne al in feest wurdich is it feit dat ek Cor Kooistra al sûnt de oprjochting foarsitter fan de Strikers. Cor skreaut ek al jierrenlang alle wiken in smeudich ferslach fan de damjûn foar de Snitser krante. Sûnt hjir lykwols ien en oar feroare is yn de redaksjonele opset wurdt dit net altiten pleatst, wat guon trouwe lêzers tige spitich fine. De klup, dy’t it Frysk damspul beöefenet, hat 25 leden en sûnt in pear jier binne hjir ek froulju by. Foar de manlju wie dit al efkes wennen, fan dat stuit ôf moasten de hearen om harren wurden tinke, gjin ûnfoech praat mear. It wende lykwols gau en no binne se mar wakker wiis mei harren froulju. Utsein yn de simmermoannen komme de dammers al sûnt it begjin fan harren bestean alle moandeitejûnen nei Doarpshûs Elim om dêr fûleinich tsjin mekoar te striden en te striken. It feest fan it 30 jierrich bestean wurdt yn eigen kluprûnte fierd, al is de oanhing op dizze jûn ek tige wolkom.

 

 

Ik kaam ien foar, mar dat stelde neat foar!

Skearnegoutum. De man sjocht de lêste tiid allegearre apen en bearen. Op it damboerd wol te ferstean. Apart is dat, want de Stadige Strikers mienden altiten dat dy Dooitzen Ykema foar de duvel net benaud is. Moandeitejûn sei er: “It is gefaarlik, dat iene houtsje foar, stelt ek neat foar.

Ja it waard  geandewei de partij tsjin Hennie de Haan noch in tikkeltsje slimmer. Wylst er al fjouwer houtsjes foar stûn, seach er noch allerhande kânsen foar Hennie, dy’t him de nekke om draaie koenen. Troch it omsittend laach en de kuierders waarden ek wol wat lopen en flypflappen sjoen, mar se wisten ek dat dy Dooitzen bang wie fan syn eigen skaad. Troch benaudens kin men somtiden rare fiten úthelje, mar Ykema hie it kopke der dochs wol goed by en wûn.

Twa twadde klassers, twa Snitsers, twa tachtigers en twa taaie dammers joegen twa earste klassers geweldich partij. Jan de Jager stûn yn it middenspul stiif sa goed as Sjoerd Jan Bakker en it like der op dat beide mannen elk mei in heale punt yn de selde auto stappe soenen. Tsjerk Wiersma liet him troch Tjalling Goedemoed net sa mar nei de slchtbank liede, nee hy joech stiif partij en alleskinner Goedemoed moast alle seilen hise om feilich de thúshaven te berikken. Twa prachtige partijen! In pear oare earste klassers hopen al op lytse wûnderkes, mar de beide twadde klassers moasten yn it einspul dochs belies jaan.  Sy koenen wol mei in goed gefoel it striidperk út stappe, dat wol.

Utslaggen. Bauke de Boer – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Dooitzen Ykema 0 – 1; Jan de Jager – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Hindrik Twynstra – Marjolijn Bakker 1 – 0; Tjalling  Goedemoed – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 0; Sven Kalsbeek – T. Teigeler 1 – 0; Dooitzen Ykema – Bauke de Boer 1 – 0.

 

 

Ofruiljen kin de winst op smite..

Skearnegoutum. As Marjolijn ôfruile hie dan hie se de partij tsjin Tsjerk Wiersma fêst en seker ta in goed ein brocht. Dat ôfruiltsje die se net en ferlear. Hennie de Haan hie winnend ôfruilje kinnen, die it net en ferlear. Sa sjocht men mar wer dat sok ôfruiljen jin soms ek wol de winst bringe kin.

It is faak sa, dat dammers en dus ek de Stadige Strikers it mar neat fine dat der oan ien trie troch ôfruile wurdt. Ien jaan ien pakke of twa offerje en twa werom slaan. Neffens in soad dammers wurdt dêrtroch it spul út in partij skood. Guon dammers binne yn dat ôfruiljen wakkerbetûft. Foar de tsjinstanners is it dan saak dat der net moai ruile wurde kin.

Yn beide boppe oanhelle partijen fan de froulju gong it net om ien tried wei troch ôfruiljen. Nee de dames spilen in goeie partij. Allinne koenen se beide troch in goeie ruil winne. By it stantsje fan Hennie, dy’t tsjinoer de taaie Rients Winia siet gyng it net allinne om in ôfruil, mar ek om in luzich flypflapke. Dêr waard se op attendearje troch Tjalling Goedemoed. Dy hie oan syn eigen partij net folle klauwen, om’t er mei in begjin setsje op foarsprong kommen wie en koe dêrom de streken fan Hennie ek moai folgje, ek al siet se oan in oare tafel. Ja dy Tjalling, fan him kinne de Strikers noch hiel wat leare.

Utslaggen: Ype Boelens – Jan de Jager 1 – 0; Bauke Bos – Hindrik Twynstra 1 – 0; Rients Winia – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Ynte Dijkstra 1 – 0; Kees Willem Koopmans – Dooitzen Ykema 0 – 1; Marjolijn Bakker – Josette Kalteren 0 – 1; Willem Schaap – Bauke de Boer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Cor Kooistra – Tjalling Goedemoed 0 – 1; Marjolijn Bakker – Tjerk Wiersma 0 – 1.

 

 

 

Tryst nijs soarget foar skaad op de klupjûn.

Skearnegoutum. It wie mûsstil doe’t de foarsitter meidielde dat in dochterke fan ien fan ús leden opnommen wie yn Grins fanwege in slimme sykte. It bleau lang stil en dat is te begripen. Trije fan ús leden binne noch net sa lang lyn mei krekt it selde konfrontearre. Dat hâldt men suver net mooglik. Sa’n lytse klup. Alle Strikers sprieken harren meilibjen út en hopen op in goed ferrin.

Oer de partijen diskear gjin sterke ferhalen. It praat joech dêr ek gjin oanlieding ta en dat wie mar goed ek. Allegearre seagen wy op dat stuit de betreklikheid fan it Frysk damjen.

Utslaggen. Dicky van der Meer – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Josette Kalteren – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Rients Winia 1 – 0; Jan de Jager – Tsjerk Wiersma ½ - ½; Sven Kalsbeek – Hindrik Twynstra 0 – 1; Dooitzen Ykema – Ynte Dijkstra 0 – 1; Tjalling Goedemoed – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Marjolijn de Boer – Hennie de Haan 0 – 1.

 

 

Do hiest my hjir fermoarde!

Skearnegoutum. De taaluterings fan  de Stadige Strikers binne faak tige  blomryk. Nim bygelyks it sizzen fan Tsjerk Wiersma. Yn syn partij, dy’t der dochs al út naaide as âld smoar rôp er: “Do hiest my hjir hartstikkene fermoarde!”  Ynte Dykstra gnyske mar wat, mar koe it net mei him ûniens wêze.

Dy Tsjerk is in pear wike lyn ôfskildere as in grutte geloksskiter. Hy wûn ek yn folslein kânsleaze partijen. Ferline wike waard er aardich te plak setten, mar dizze wike soe it wer wêze. Ynte fielde der net sa folle foar om mei te wurkjen. De partij dy ‘t de mannen op it boerd skoden wie it besjen mear as gewoanwei wurdich. Ferskate dammers folgen de streken tusken harren eigen partijen troch. Uteinlik kaam der in foardelich setsje foar Dykstra yn en hy wûn. “Ik ha it krekt wûn!” sa spriek Ynte, mar Tsjerk smiet dêr oer hinne: “Hy bedoelt, dat er it krekt lyn wûn hat” Ja de taal is moai.

Op in stuit wie it sa stil as it griene gers yn de greiden op in wynleaze dei. Dêr soargen yn elts gefal Marjolijn Bakker en good old Jan de Jager ek foar. Wat sieten dy beide ûnfersteurber yn harren partij. Marjolijn woe sa as it like wol even bewize dat har winst tsjin Tineke ferline wike gjin fersin wie. Spitigernôch pronke dy moaie punt net tusken de útslaggen. It wie oan de skriuwer foarby gien. Wat begjint dy frou Bakker te damjen. Alde Jan krige der mar klauwen oan en as Marjolijn yn it einspul dat foutsje net makke hie, dan soe it der noch om gongen wêze.. No joech se nei poerbêst spyljen it te maklik fuort. Foar De Jager giet it âlde Fryske sprekwurd op: “Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk” Mar it fiskje hie him diskear oars raar ûntkomme kinnen.

Utslagge. Tsjerk Wiersma – Ynte Dykstra 0 – 1; Bauke de Boer – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Dooitzen Ykema 0 – 1; Hindrik Twynstra – Rients Winia 0 – 1; Ype Boelens – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Tjalling Goedemoed – Jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1; Marjolijn Bakker – Jan de Jager 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 1 - 0

 
                              

 

 

Striker: “Ik ha thús in frou!”

Skearnegoutum. It wie fansels wol in hiele rare útspraak fan kampioen Jelle Wiersma. Hy soe foar allegearre wol even it twadde bakje kofje of tee ynskinke en soks fertsjinnet respekt. By it earste bakje griemde er nochal wat, omdat de dop bryk op de kanne siet. In hiele fluts kofje belâne op ’e grûn! Sven woe wol even in doekje ophelje en de brot opfeie. Sels die Jelle dat net, want sa sei er: “Ik ha thús in frou!”

It wie mar goed dat syn leafste der net by wie. De frouljusleden ha dêr fierders net folle fan makke, dy hienen it te drok mei har eigen saken. Mooglik ha se it net iens heard of se ha tocht: “lit mar, hjir doart er it te sizzen, mar thús is it fêst in oar ferhaal” Hie Jelle it gefoel dat er sa sterk stûn, dat er tuskentroch noch wol even wat oars dwaan koe of hat er tocht dat der oan dy partij dochs gjin salve mear te striken wie. Beide ferûnderstellings binne net wier. Hy spile in moaie spannende  partij tsjin Sjoerd Jan Bakker. De lêste siet echt yn syn favorite spultsje mei in swart houtsje op seisentritich. Sa’n houtsje briek him yn it ferline ek wol ris soer op. Diskear net! Yn in prachtich einspul waard it kamp.

Willem Schaap fleure sichtber op doe’t Rients Winia yn it lêst it ferkearde houtsje skode. Oft Winia de iennige goeie strutsen hie, dan hie Willem nei alle gedachten in raar gat yn draaid. Mooglik siet er dan noch in kampke yn, mar mear net. Mar ja sa gong it net. De Boalserter liet troch dat ferhipte ferkearde houtsje him in punt troch de fingers glippe. It hiele spul goed by de les en dan sa. Spitich!

Utslaggen:Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker ½ - ½; Jan de Jager – Bauke Bos 0 – 1; Josette Kalteren – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Boelens – Hindrik Twynstra 1 – 0; Marjolijn Bakker – Sven Kalsbeek 0 – 1; Ype Boelens – Tjalling Goedemoed 0 – 1; Rients Winia – Willem Schaap 0 – 1; Dicky van der Meer – Ynte Dijkstra 1 – 0; Dooitzen Ykema – Bauke Dijkstra 1 – 0; Tjerk Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Kees Willem Koopmans – Cor Kooistra 0 – 1;

 

 

 

Bauke Bos koe Ype ek sear dwaan.

Skearnegoutum. Al twa kear op rige hie bestjoerslid Bauke Bos de winst pakt. Mei dy ûnfersleine status skode er mei in soad fertrouwen achter it boerd. Hy moast it opnimme tsjin ’e skathâlder. It spul gyng wat op en del, mar foarby it middenspul koe Bauke ponghâlder Ype even ûngenedich sear dwaan.

Uteinlik wie it doch sa dat Ype Boelens mei it folle punt oan de haal gong. Dat barde gewoan omdat Bauke wat te rimpen skode, doe’t er de kâns hie. Earst tinke en dan strike is it algemiene motto fan de Strikers, mar ja dat wurdt fansels ek wol ris fergetten. Foar Bauke wie dat o sa spitich. Hy hie sa moai de lieding yn groep twa nimme kinnen. Mar ja sa is damjen! De iene profitearret fan de oar syn fouten.

Dat die Willem Schaap ek yn syn partij tsjin foarsitter Cor Kooistra. De lêste seach him blyn op in dûbel slachmotyf en tocht allinne mar oan de iene en net oan de oare moochlikheid. De partij wie doe eins fuortendaliks út. Mei in houtsje achter besocht Kooistra it noch wol, mar sels wist er ek wol dat der eins gjin salve mear oan te striken wie.

Bauke Dijkstra begûn suver wat te earmoedzjen nei in neffens him minne streek. Tsjinstanner Tjalling Goedemoed fleure dêr suver fan op en tocht miskien wol dat er it hast al wûn hie. Bauke Dijkstra moatte jo nea útpoetse, net earder as dat alle houtsjes fan it boerd binne. Strikendewei kaam hy hieltiten wer wat better te stean en Tjalling moast set nei set langer nei tinke. De omsteanders mienden al dat Bauke der better op kaam te stean en foaral nei dat er in houtsje op slach setten hie. Doe kaam de klasse fan Goedemoed om it hoekje sjen en hy loste it drigende gefaar mei sterke streken op. Oars as kamp koe it doe eins net mear wurde.

Utslaggen. Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Tjalling Goedemoed – Bauke Dijkstra ½ - ½; Josette Kalteren – Jan de Jager 0 – 1; Kees Willem Koopmans – Bauke de Boer 0 – 1; Hennie de Haan – Bauke Boelens 0 – 1; Tjerk Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Rients Winia – Ynte Dijkstra 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Hindrik Twynstra – kees Willem Koopmans 1 – 0; Sven kalsbeek – Bauke de Boer 0 – 1.

 

 

Ik kin myn bril ek wol ferkeapje!

Skearnegoutum. Der binne by de Stadige Strikers dammers dy’t by it damjen in bril op ha, mar oars net. Men soe sizze, dat dy houtsjes grut genôch binne om se sa te sjen. Nee dy brildammers sweare by harren bril. No wie der wol ien fan de spilers dy’t net folle mear op hie mei syn fisueel helpmiddel ôfgeande op:”Ik kin myn bril ek wol ferkeapje!”

De man om wa it hjir giet is nimmen minder as Sjoerd Jan Bakker. Ferline wike hie er it ek al tige dreech en moandeitejûn siet er tsjin nijkommer Tjalling Goedemoed. Dy lêste is yn alle silen mak wat it damjen oanbelanget. Bakker hie er dan ek klauwen oan. It kwasi mankelike praat fan him krige gjin fet op Tjalling. Dy fierde yn sterke berekkenings syn plannen út. En dat levere him fuortendaliks in folle punt op.

Wat is dy Tjerk Wiersma ek in gelokskiter! Hoe kin dyn man syn tsjinstanners sa beynfloedzje! Ferline wike hie er it oan alle kanten en einen ferlern, mar wûn wol en no koe Ype Boelens simpel fan him winne, mar seach it net. Dy Tjerk is yn ien wurd in grutte gelokskiter!

Ferline wike siet er noch op kreamgymnastyk, mar no wie er wer paraat: Ynte Dykstra. Hy moast yn it einspul even in daam op it goeie plak helje en dan hie er Bauke Dykstra by de lurven hân. Om hokker reden dan ek, wellicht siet er noch mei de grouwe búk yn ’e holle, skode hy it houtsje wol ta daam, mar sa dat it kamp waard. In heal puntsje nei de barebysjes!

Dy Dooitzen Ykema woe mooglik graach Rients Winia noch even narje, nei’t er in daam helle hie. Gewoan even ta de ein útmoardzje! Winia seach it swurk driuwen en joech op. Der hie neffens Dooitzen noch genôch yn sitten:”Ik hie lang net oeral stean kinnen!” Dat wie ek sa, mar dy Ykema is tûk genôch om wol it bêste plak op te sykjen. Hy hie yn alle gefallen oan it langste ein lutsen.

Utslach: Sjoerd Jan Bakker – Tjalling Goedemoed 0 – 1; Bauke de Boer – Jan de Jager 1 – 0; Rients Winia – Dooitzen Ykema 0 – 1; Marjolijn Bakker – Hindrik Twynstra 0 – 1; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 1 – 0; Tjerk Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Josette Kalteren – Bauke Bos 0 – 1; Bauke Dykstra – Ynte Dykstra ½ - ½; Cor Kooistra – Dicky van der Meer ½ -½; Sven Kalsbeek – Kees Willem Koopmans 0 – 1.

 

 

Striker nei kreamgymnastyk.

Skearnegoutum. Der soenen op de earste echte kompetysjejûn moai wat mear dammers komme as op de fergadering de wyks dêr foar. It rûn oars. De iene nei de oare koe net om wat foar reden dan ek. In trijetal rekke krekt foar de tiid wat min by it spul. Dan is damjen gjin stoer wurdich fansels. Oaren hienen oare ferplichtings en der wie ien fan ús jongemannen dy’t nei de kreamgymnastyk moast. Dy froulju hawwe ek altiten wat!

De grutste helte naam wol plak achter de buorden. Ien fan de Strikers seach ta en wie dêrtroch de man om kofje en tee yn te skinken. Alle partijen, op ien nei, waarden oant de lêste minút útspile. Sjoerd Jan Bakker siet fuortendaliks al wer yn syn rol, hoewol er noch mar krekt werom wie út Spanje. Hy sei:”As ik dizze partij win, bart hjir in nij wrâldwûnder! Ik ha der noch noait sa beroerd op stûn!” Dat like wat mei te fallen, want fan de partij wie eins noch neat te sizzen. Lykwols spriek Bakker wol profetyske wurden, want tsjinstanner Willem Schaap pakte him fakkundich yn, mar dat wie wol oardeloere letter.

Nestor Bauke de Boer like mei ien houtsje foar tsjin syn sjauffeuze Hennie de Haan maklik op winst ôf te stevenjen. Dochs ferrûn dat krekt even oars. Hennie helle der in hiel moai slachje út en stûn fuortendliks ek op kamp. Dan moast  se noch wol ien kear goed strike. Slim wie it net, mar mooglik krekt wat te happich nei it earste heale punt sette se de daam op it ferkearde plak. De Boer makke dêr mei nocht gebrûk fan mei de opmerking:”It jout neat, mar ik ha in geweldige sjauffer!” Soenen jo sa’n man net!

Dicky van der Meer hie Bauke Dykstra yn ‘e bûse en dochs gong it noch mis. Troch in eigen ôfruiltsje joech er de winst sa mar út hannen. Kamp waard it, dat wol, mar Dicky fergriemde op syn earste offisjele kompetysjepartij by de Strikers in heale punt. Dat wie him mar min nei’t sin en dat kin men fan tinken wol ha.

Utslach: Dooitzen Ykema – Jelle Wiersma 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 0 – 1; Bauke de Boer – Hennie de Haan 1 – 0; Rients Winia – Tjerk Wiersma 0 – 1; Kees Willem Koopmans – Bauke Bos 0 – 1; Dicky van der Meer – Bauke Dijkstra  ½ - ½.

 

 

Frysk damjen wat foar amtners?

Skearnegoutum. Neffens de boargemaster fan ús gemeente moatte harren amtners mear Frysk prate. Dêr binne de Stadige Strikers it folslein mei iens en boppedat kin dizze damklup wat foar dizze lju bestjutte. As se lid wurde fan de klup komme se wat it Frysk oanbelanget aardich oan har gerak en dêr njonken kinne se ek noch in stikje echte Fryske kultuer opsnuve. Twa miggen yn ien klap.

De Stadige Strikers binne wer los! It begjin hie wat it oantal dammers oanbelanget wat better kinnen: mar leafst seis dammers koenen de earste jûn net. Nije wike moandei sil it foar harren dan echt begjinne en mooglik komt der dan ek noch in nijeling opdaagjen.

De Strikers stûnen moandeitejûn stil by it feit dat de klup tritich jier ferlyn oprjochte waard. Der is in feestkommisje ynsteld en dy kommisje bestiet inkeld út froulju. Dat jo mei echt wol oannimme dat der aanstens in prachtich feestprogam út rôlje sil.

 

dag van een ambtenaar ;-)

 

 

Stikjes fan 2010-2011

Jelle Wiersma foar de 13de kear kampioen.

Skearnegoutum. Moandeitejûn krige Stadige Striker Jelle Wiersma foar de trettjinde kear de kampioensbeker oerhandige. Trettjin kear kampioen fan de Stadige Strikers, dy’t harren tritichste kompetysje dit jier spile ha.

Wiersma stiek der fier boppe-út. Fan de achttjin partijen ferlear er net ien en spile er ien kamp. Sûnder mis wie hy de terjochte kampioen en dat is eins meastal sa, as er der even goed foar sitten giet. De lêste twa jier wie de beker foar in oar, mar dit jier hat Jelle alles wer even rjochtsetten en sjen litten dat hy de echte kampioen is.

It twadde plak en dêr foar wie er noch nea sa heech einige, pakte Bauke Dijkstra. Hy spile in sterke kompetysje en hy is ek de man dy’t eins alle begjinteory behearsket. Soe er net sa no en dan in partij sleau wei jûn ha, dan hie er Jelle noch tichter op ’e hûd sitten. No wie it ferskil fiif punten.

It hiele jier strykt er der al tige sterk op los. Harry Postma waard dan ek mei glâns kampioen fan de twadde klasse. Hy hat ien partij tige raar ferskiten, dat wie doe in kwestje fan ûnderskatting. Wol hat er sa hjir en dêr noch ris in puntsje lizze litten, mar dêr stiet tsjinoer dat er tsjin de earste klassers punten pakte. De lêste partij tsjin Willem Schaap liet de groeiende foarm fan Postma sjen. Takom jier sit er op it grutte húske en dan kinne de mannen har der mar klear foar meitsje.

As twadde einige Rients Wijnia.  Hy koe Harry lang net berikke, mar op nûmer trije, Kees Willem Koopmans, hie er in foarsprong  fan fjouwer punten. Dat Kees Willem de tredde priis helle, wie dochs wol in ferrassing. Net dat er op it rântsje dy priis helle, mar hy hat wol gau ris partijen ûnnedich fergriemd. Likegoed misstiet him de priis net. Hy is nammentlik ek regearjend kampioen fan de twadde klasse yn lannelik ferbân. En dêr kin syn grutte kameraat noch wol even in puntsje oan sûge.

Sy wie alle manlju de baas. Kampioene fan de tredde klasse is wurden Josette Kalteren. Se promovearret foar de earste kear nei de twadde klasse. Dêr folget se har mem op, de Frysk kampioene, dy’t yn klupferbân wêr in stapke tebek sette moat. Ferline jier rûgele er nei ûnderen en no wie dat smoarge fanke him de baas en sa einige Hindrik Twynstra as twadde. Tineke Teigeler besette it tredde plak. Dat ferwachte se sels net, mar likegoed wie it wier. It jout ek oan dat se stadichoan better wurdt.

De jûn is ôfsluten yn in gesellige sfear. Moai wie dat ek in pear werom wienen dy’t al in skoftke yn de sikeboech bivakkearren. Sadwaande sieten der 21 Strikers harren lêste fluchdamspultsjes en oare boarterijen op it boerd te dwaan. Suver elkenien gyng mei in priis nei hûs en guon soargen der no al tsjin oan om har suver in healjier lang sûnder houtsjes te fermeitsjen.

Einútslach kompetysje. Earste klasse. 1 Jelle Wiersma 17½ -18; 2 Bauke Dijkstra 12½ - 18; 3 Willem Schaap 11½- 18. Twadde klasse. 1 Harry Postma 18 – 20; 2 Rients Wijunia 14 – 22; 3 Kees Willem Koopmans 10½ - 23; Tredde klasse. 1 Josette Kalteren 13½ - 18; 2 Hindrik Twynstra 10 – 21; 3 Tineke Teigeler 10 – 21.

It siket by de Strikers om ’e ein.

Skearnegoutum. Alle jierren is it op it lêst eins it selde melodijke by de Stadige Strikers: De iene is út en in oaren hat de maitiidskoarts. Allegearre redenen om de op ien nei lêste jûn sjitte te litten. Likegoed joegen noch sechtjin dammers akte de presâns. Dyjingen dy’t foar de kompetysjes út wienen, dammen in miny fluchdam kompetysje. Al mei al siket it om de ein. 

Wa’t noch wol tige drok en fûleinich striden om in puntsje yn ’e wacht te slepen, wienen ûnder oaren twa  yn it sâlt bebiten dammers. In âld skilder tsjin in âld boer: Jan de Jager tsjinoer Rients Wijnia. De lêste slacht dit jier sa’n bytsje foar master op. Hy pakt it iene nei it oare punt. It mislearret ek wol ris, mar hy hat yntusken wol sa folle punten dat him it twadde plak net mear ûntfytmanne wurde kin. It twadde plak efter Harry Postma dy’t sterk earste wurden is yn de twadde klasse. 

Wijnia hat moandeitejûn net tocht: “Ik ha al sa’n soad punten. Lit my De Jager mar wat skewiele!” Nee it gyng der fuort boppe-op. De Jager rekke al gau in houtsje achter en hie doe eins neat mear yn de molke te krommeljen. Wijnia stiet troch de winst noch wat steviger op it twadde plak.

Soe it der no op ’e ein fan de kompetysje dochs noch fan komme? Soe Twynstra der no ris in kear op timmerje tsjin syn konkurrinte Josette Kalteren?  Al twa kear dit damskoft moast er har de blommen gunne. Al twa kear fiske er foar goed achter it net. Wylst se beiden oant it krewei begûnen, stûn de útslach al sa’n bytsje fêst. Josette har lichemstaal strielde op foarhân al de oerwinning út, wylst Twynstra him nei alle gedachten in bytsje benaud ôffrege: “Soe ik no wer op myn donder krije?” En dat krige er. Lit ús mar koart krieme: ek dizze kear hie de man neat by Josette te sykjen. Trije kear tsjin har in nul, wy hoopje net dat de man der fan yn de lytse loege rekket.

Utslaggen: J. Kalteren – H. Twynstra 1 – 0; S. Kalsbeek – T. Wiersma ½ - ½; R. Wijnia – J. de Jager 1 – 0; B. de Boer – B. Bos 1 – 0; H. De Haan – W. Schaap 0 -1; D. v/d Meer – T. de Groot 1 – 0; S. J. Bakker – B. Dijkstra 1 – 0; J. Wiersma – C. Kooistra ½ - ½.

De earste kear ferjit men net.

Skearnegoutum. Foar alle dingen is der altiten in earste kear. De earste kear fan it ien is de earste fan it oar noch net. Guon earste kearen ferjit men yn de rin fan ’e tiid en oare bliuwe jo je libben lang by. Dat jildt fansels ek foar de Stadige Strikers. Mooglik sil Wiilem Schaap dizze earste kear wol wer ferjitte, mar it klapte der wol efkes yn.

“Dit is de earste kear, dat ik tsjin ien ferlies út de twadde groep!” sa spriek de tige teloarstelde Schaap. Soks sil fêst wol klopje, want dat hâlde jo faak wol by, al woe it de omstanners mar kwalik oan. Mar dêr wied er dan doch: de earste kear. No wisten de ynwijden al lang dat syn tsjinstanner op ’t heden yn in sterke foarm ferkeart. Hy, it giet hjir oer Harry Postma, struts ek hiele bêste partijen yn it persoanlike kampioenskip, dus Willem koe him der mar klear foar meitsje. En sa die bliken, hie er ek wat foarwurk dien en him op dizze partij ta ret. Postma feroare der net om: hy kleide en stinde wat, mar stûn ûnderwilens sa moai as poes. En al hie er wat mear tiid nedich hân, yn need soe er net komme.

Oan de ein siet der mooglik noch in setsje foar Willem yn as Harry mei helpe soe. Hy joech Willem noch wol efkes hope troch de finger by it ferkearde houtsje te hâlden, mar dat die er der om: in bytsje “gallery play” Foar de omstanners fansels ek moai. Dy tochten al: “No kin er it ek noch ferskite!” Harry wist wol better en skode mei in brede laits de lêste en de goeie.

Se hie kamp yn hannen en it kâlde swit krûpte Sjoerd Jan Bakker al by de rêch op. Hennie tocht lang oer har set nei. De kampfariant wie sa’n typyske Frysk spul kombinaasje. Net sa dreech, mar men moat it even sjen. Spitich: Hennie kaam der, ek nei lang tinken net op en die wat oars, mar alle oare streken betsjutten ferlies en sa koe Bakker dochs noch ferromme sykhelje.

Bakker syn meirider, Jan de Jager, hie der tsjin Kees Willem Koopmans noch hiel kreas kamp út skuord as syn flage net fallen wie. De âlde Snitser rekke yn it middenspul in houtsje achter en moast alle seilen by sette om der noch in heale punt út te heljen en dan moast syn tsjinstanner ek noch wat reewillich wêze. En dat wie er, mar doe spriek de klok in oare wierheid.

Utslaggen.  S. Kalsbeek – H. Twijnstra 0 – 1; R. Winia – J. Kalteren 1 – 0; T. Wiersma – T. Teigeler 1 – 0; B. Bos – J. Wiersma 0 – 1; S. J. Bakker – H. De Haan 1 – 0; J. de Jager – K.W. Koopmans 0 – 1; Y. Dijkstra – C. Kooistra 0 – 1; H. Postma – W. Schaap 1 – 0; J. Wiersma – T. Wiersma 1 – 0; T. Wiersma – H. Twijnstra 1 – 0.

Der stiet wer in S op de beker.

Aldegea. De S fan de Stadige Strikers út Skearnegoutum pronket ynkoarten foar de twadde kear op de prachtige wikselbeker. Dizze trofee wurdt al wer jierren tusken Nocht en Kriich út Aldegea en de klup út Skearnegoutum ferdamd. Der steane mear ennen fan Nocht op as essen fan Strikers en dêrom is it goed dat der wer in S by komt.

De Strikers binne ornaris net de stadichsten as se nei in klup te gast geane. Nee gewoan rom op tiid. Dat betsjutte dat se noch moai efkes fan te foaren waarm draaie koenen. It iene potsje nei it oare kaam mei alle nocht en wille op it boerd. De echte Nochthawwers en Krigers wienen doe op in stikmannich nei yn gjin fjilden en wegen te bekennen. In net ynwijde yn dit lytse, mar o sa moaie damwrâldsje soe sa mar de nammen fan beide klups ferwikselje kinne.  Hiel stadich kamen de Aldegeasters nammentlik oan setten. Lang om let siet elk dan doch te plak.

Nei in skerpsinnige rede fan beide foarsitters barste in damgeweld los. De earste punten gyngen nei de gasten. Dat sei fansels noch neat, mar it wie wol mei nommen en boppedat is de earste klap in daalder wurdich  Mei nocht skreau de Skearnegoutumer foarsitter de puntsjes op.  It wienen op it lêst wol de kampioenen wêr’t de Strikers tsjin sieten en dat wie ek wol te merken. Se hienen wat oer harren krigen fan: “Tink der om wy binne kampioen!” Foar sa’n hâlding ha jo dan fansels wol ûntsach. De tongen kamen ek wol ris even yn beweging, ek wol ris efkes mear as in bytsje en dat joech in tige gesellige sfear, mar likegoed wienen it wol de kampioenen en dy wienen fêst fan doel om oan de ein fan de rit ta te pakken.

Se ha nei alle gedachten tocht: “Fan de Strikers sil dan wol it skerpste ôf wêze, earst hienen dy mannen ommers al in healoere waarm draaid” It pakte hiel oars út, net de Aldegeasters, mar harren gasten wienen yn de einfaze krekt even skerper en doe kamen se en it die harren sear mei de beker oan setten. De foarsitter koe út klearebare teloarstelling it wurd net mear dwaan en syn ramplesant moast noch wol even fyntsjes op merke dat der op dy beker eins noch in N stean moast. Ien dy’t harren foarfaars yn it skiere ferline fertsjinnen yn in striid op libben en dea. It kostet sportlju fakentiids noch al wat muoite om ta te jaan dat se ferlern ha. De Strikers koenen der net mei sitte, dy wienen wakker yn ’e es mei de twadde S aanst op de beker.

Ut slach: Nocht en Kriich – De Stadige Strikers 6½ - 8½. F. Groenveld – J. Wiersma 0 – 1; S. Walinga – S. J. Bakker ½ - ½; H. Haanstra – C. Kooistra 1 – 0; P. Hoogterp – W. Schaap 0 – 1; S. Couperus – B. Dijkstra 0 – 1; R. J. Walinga – D. v/d Meer ½ - ½; W. Hoekstra – Y. Dijkstra 0 -1; B. Haanstra – R. Wijnia 1 – 0; M. v/d Meer – B. de Boer 1 – 0; J. Hoekstra – J. de Jager ½ - ½; G. De Vries – K. W. Koopmans 0 -1; D. Rypma – B. Bos 0 – 1; H. Walinga – T. Wiersma 1 – 0; K. Weerstra – H. De Haan 1 – 0; M. Posthuma – H. Twijnstra 0 – 1.

At Sjoerd dy strutsen hie, dan...

Skearnegoutum. It is altiten wer in lust te sjen en te hearren, hoe’t Stadige Striker Willem Schaap alderhande moaie slachjes en loopkes sjocht. Allinne moat de tsjinstanner dan wol in bytsje meiwurkje. Hy seach yn syn partij in pear prachtige slaggen at Sjoerd Jan Bakker dy en dy streek dien hie.

De slaggen waarden ek even foardien foar it omsittend laach en dêrnei waard fierder gien mei it spul. Op in bepaald stuit wie it wer sa: “Ast dy skood hiest, wie it sa út as wat!” spriek Willem glunderjend en genietsjend fan de fergeane mooglikheid. Bakker fûn it allegear wol goed en hold him leaver wat by de werklikheid fan it posisjonele striken. Hy striek net sa as Willem hope hie, mar hie wol wat oars yn petto. Syn lêste streek betsjutte de ein fan de partij. Schaap koe gjin kant mear op. Hy kaam net allinne in houtsje achter, mar ferlear ek kânsleas. Likegoed seach Willem werom op in moaie partij en sa sei er: “It wie gelokkich ien foar de woarstekompetysje!”

Guon dienen sa’n bytsje harren earste set, doe de earste ferliespartij al in feit wie. Bauke de Boer sloech yn de twadde streek trije houtsjes fan it boerd en sa stûn er twa foar tsjin Tsjerk Wiersma. De lêste miende lykwols dat er noch te skaken siet. Dat spultsje spile er de hiele middei al, dat sadwaande. Net folle letter wûn Jelle Wiersma ek al. Tsjinstanner Kooistra woe him yn de Vogelteory lûke, mar dat pakte ferkeard út.

Hennie de Haan wint dit jier net sa’n soad partijen, mar moandei sloech se wer even op de grutte tromme. Dat ferwachte it damsealtsje oars net. Se moast it opnimme tsjin de gewykste Rients Wijnia en dan witte jo meastal wol hoe let it is. Dizze kear rûn dat oars. Wijnia kaam der mar minachtich op te stean en moast sa’n bytsje de iene needset nei de oare dwaan om it naderjende ûnheil te kearen. Frou de Haan liet lykwols har mooglike bút net los en makke de partij goed út. Dat wie prachtich foar har en like moai foar Harry Postma, dy’t it ferlies fan konkurrint Wijnia tige wolkom hjitte.

Utslach: Y. Dijkstra – J. de Jager ½ - ½; H. Twijnstra – B. Bos 0 – 1; R. Wijnia – H. De Haan 0 – 1; J. Kalteren – S. Kalsbeek 1 – 0; K. W. Koopmans – H. Postma 0 – 1; B. de Boer – T. Wiersma 1 – 0; D. Van der Meer – B. Dijkstra 0 – 1; W. Schaap – S. J. Bakker 0 – 1; C. Kooistra – J. Wiersma 0 -1.

It wie stil oan de oare kant.

Skearnegoutum. De mannen fan de Stadige Strikers dy’t troch harren praat faak de krante hellen, sieten stil oan de selde rige tafels te damjen. Sûnt de stikjes net dêr mear yn steane, heart men se net mear. It leven kaam fan de oare trije oanslutende tafels. Dêr sieten no de nije operateurs. Dy koenen mei rjocht sizze: It is stil oan de oare kant.

Ien fan dy praatsjemakkers komt de ear ta, dat er mei syn kapsoanes as lêste yn papieren foarm oer de buorren kaam. No hat er fansels hielendal frijheid fan sprekken en dat liet er dan ek wol even hearre. Sels soe bliken dwaan, dat er tsjin Willem Schaap net folle yn ’e brij te krommeljen hie. Hy hie yn it praat noch efkes in aardige oplibbing doe’t  syn maat Kees Willem Koopmans yn in ienfâldige teory fleach. Mar fan Kees Willem koe men sizze dat er oan de ein fan it spul mei in moai setsje syn tsjinstanner noch even skrikke liet. Dêr hie Ynte noch in foarbyld oan nimme kinnen, mar nee hy gyng as in laam nei slachterij Schaap.

It wie moandeitejûn net allinne stil oan de oare kant, it wie hielendal de stille kant it neist. De dammers dy’t mei dogge oan it persoanlik kampioenskip, wienen foar in grut part al by de wedstriid fan de deis dernei yn Jorwert. Twa fan dy spilers namen dêrom in frije jûn, nei alle gedachten om harren op te laden foar dat kampioenskip. In kin net oars as in bysûnderheid hjitte, dat alle seis Strikers nei de earste twa rûnten yn Jirnsum, ôfrûne sneon, op ien punt steane.

Utslaggen kompetysje. H. Postma – B. Bos 1 – 0; Y. Dijkstra – W. Schaap 0 – 1; R. Wijnia – H. Twijnstra 1 – 0; J. Wiersma – H. De Haan 1 – 0; S. J. Bakker – T. Wiersma 1 – 0; B. de Boer – Y. Boelens 0 – 1; T. Teigeler – J. De Jager 0 – 1; C. Kooistra – K. W. Koopmans 1 – 0; S. Kalsbeek – Y. Boelens 0 – 1.

It kin de master misse.

Skearnegoutum. Dammer Sjoerd Jan Bakker is in helenien as it giet om kamp te heljen út in partij. Remize yn Frysk spul is net sa mar sa.  Moandeitejûn  like it by eintsjebeslút wol wer op kamp út te draaien, mar it gyng ferkeard. It kin de master dus ek misse.

De Stadige Strikers Willem Schaap en Sjoerd Jan Bakker brochten in spul op it boerd as in gatsjepanne. Elk fan it omsittend laach hold der rekken mei dat der in slach yn kaam, wêrtroch der in hiele soad houtsjes fan it boerd feegd wurde soenen. Dat barde net: de mannen stoppen it iene gat mei it oare. Sa strikende en ôfruiljende holden se op it lêst elk noch twa houtsjes oer. Kamp siet der dik yn, al moast Schaap wol hiel hurd yn syn lêste fjirtich sekonden. Dat is him trouwens wol ta fertroud.

Hy kaam, seach en wûn: Dicky van der Meer. Al twa jier lid fan de klup, mar oan ’e  kompetysje kaam it mar net ta. It wurk! Lokkich is it feroare en kin er wurkje en ek damme. Moandei foar de earste kear. En hy koe nei syn earste partij Julius Ceasar nei sizze: veni, vidi, vici: ik kaam, ik seach en ik wûn.

Utslaggen. B. Bos – K.W. Koopmans 1 – 0; W. Schaap – S. J. Bakker 1 – 0; H. Postma – J. De Jager 1 – 0; J. Kalteren – S. Kalsbeek 0 – 1; B. De Boer – J. Wiersma 0 – 1;  H. Twynstra – T. Teigeler 1 – 0; T. Wiersma – R. Wijnia 0 – 1; C. Kooistra – D. van der Meer 0 – 1.

Bauke Bos ferjit om ta te knipen.

Skearnegoutum. It hie sa moai wêze kinnen foar Stadige Strikers Bauke Bos en foar guon út it omsittend laach, dy’t der op gobberen dat Sjoerd Jan Bakker in heal puntsje lizze litte soe. It hie kinnen, allinne fergeat Bauke Bos ta te knipen en sa liet er him in wisse kamp ûntglippe.

De einstân mei elts in daam en Bakker mei noch in hout. Yn it Fryske spul komt it krekt om der dan kamp út te heljen, dat wit elk dy’t yn it damsâlt bebiten is. Bos liet it houtsje spitigernôch te fier komme en doe wie der gjin salve mear oant te striken. Dat bestjutte neffens Bakker syn sizzen: sa út as poepkak.

Hy koe mar kwalik stil sitte sa draaide it him yn it gat om. Soe er no dan echt in kear winne fan Harry Postma? Om ’e haverklap moast er der even út en dan skeanbille er nei it húske ta. Ja lêzers it giet hjir oer Hindrik Twynstra. De Hollânske dammer, dy’t in pear jier lyn ek oer stapte op it moaie Fryske spul. Dat foel him noch raar ôf. Faak ferlear er troch in Hollânske streek. Moandeitejûn hie er in mazzeltsje. Harry ferseach him grouwélich en stûn sa mar twa houtsjes efter. Ien treast foar him wie, dat de stân fan syn tsjinstanner der útseach as in bosk woartels.

Twynstra koe him dêr trouwens aardich mei rêde en hold lang stân. Harry naam rom de tiid en syn tsjinstanner waard hoe langer hoe ûnrêstiger en seach it swurk al wer driuwen. It soe wol  in grouwe nul wurde. Postma koe trochbrekke nei daam mei noch mar ien houtsje minder. It like in bekeken saakje, mar Twynstra hie noch in pear goeie streken yn ’t fet en sa skuorde hy der noch kamp út. Dat fielde as in oerwinning.

De man mei de kapsoanes, ferline wike is dêr wiidweidich oer skreaun, hie moandeitejûn net folle yn te bringen en dat die syn kammeraat Kees Willem Koopmans tige goed. Dy oerwûn himsels troch royaal fan in frou te winnen. Diskear hie Hennie de Haan neat tsjin him yn te bringen. Dat Tsjerk Wiersma tige taai wêze kin, liet er sjen tsjin de folle heger spyljende Bauke Dykstra. Oant suver de lêste streek ta bleau it spannend. Spitich dat Tsjerk yn it einspul syn daam krekt eefkes ferkeard delsette, want doe makke Dykstra fuortendaliks dien wurk.

Utslach: B. Dijkstra – T. Wiersma 1 – 0; R. Wijnia – W. Schaap 0 – 1; T. Teigeler – J. Kalteren 0 – 1; J. De Jager – B. De Boer 1 – 0; S. J. Bakker – B. Bos 1 – o; H. Postma – H. Twynstra ½ -½; K.W. Koopmans – H. De Haan 1 – 0; Y. Dykstra – C. Kooistra 0 – 1; S. Kalsbeek – T. Teigeler 0 – 1.

Krijt Ynte Dykstra lêst fan kapsoanes?

Skearnegoutm. “Ik soe noch wol in kear tsjin Ynte wolle”sa spriek Koopmans hoopfol nei’t er ferlern hie fan Bauke Dykstra. “No dat kin wol, kinst hjir noch wol nest!” wie it antwurd fan Ynte. Dat sei er wylst er siet te damjen tsjin Hennie de Haan. Krijt er mooglik lêst fan damkapsoanes? 

As it der op oan komt mei er him oars wol wat bedimje. Ferline wike wûn er noch mei in geloksingeltsje op it skouder. Doe hie er it oan alle kanten en einen ferlieze moatten fan Rients Wiijnia, mar de man die him sels te koart en sa koe Ynte it punt by skriuwe. Mar om dan in wike letter wakker mei praatjses oan te kommen roait igge noch seame. Ja sa gyng er fierder: “Ik ha mear punten as Kees Willem!” Mei sok sizzen wreau er it ferlies fan Kees, syn freon, noch eefkes yn. “Ik hoopje dat de foarsitter ferliest, dan krij ik dy ek aardich yn it sicht!” Der fan útgeande dat er tsjin syn tsjinstanster wol even dien wurk meitsje soe. Allegearre praatsjes! Kapsoanes!

It omsittend laach en dan by útstek dyjingen dy’t de opmerkings oanbelangen, hoopten fansels fan herte dat Hennie der foar soargje soe dat er syn skuon wer goed oan krije soe. Want sis no sels soks winskje  jo minsken altiten ta dy’t bûten de skuon rinne. De omstanners hienen dan ek in protte niget oan dizze partij. En men seach dat Hennie hiel goed stân hold en gjin rare flaters makke. Om koart te kriemen: in lykopgeand spul. Wol liken de winstkânsen fan de praatsjemakker wat grutter: hy krige in daam en noch twa houtsjes en Hennie ek mar mei in houtsje minder. In moai einspul, mar doe men dat jo der allinne mei kapsoanes noch net binne. It giet om it skerpe striken en dat hie better kinnen. Hennie pakte in punt, wêrfan de helte ut in bonus bestûn fanwege it feit dat se tsjin in hegerenien  kamp spile hie.

Utslaggen: S. J. Bakker – J. Wiersma 0 – 1; W. Schaap – C. Kooistra 0 – 1; B. de Boer – H. Postma 0 – 1; B. Bos – R. Wijnia 0 – 1; Y. Dijkstra – H. de Haan ½ - ½; B. Dijkstra – K. W. Koopmans 1 – 0; H. Twynstra –  T. Teigeler 1 – 0.

It mystearje oplost: de mouwe.

Skearnegoutum. Al gjin mins koe der ferline wike by, dat Stadige Striker Bauke Dykstra sa mar twa houtsjes fergees fuort joech. Hy kin it wol ris wat bryk ha, mar sa mar in pear skiven kado jaan woe der by de Strikers net yn. Fan in fata morgana wie by him ek gjin sprake, soe dizze moandeitejûn bliken dwaan. De skuldige wie de mouwe. It mystearje is oplost.

Ja wat kin it al frjemd gean yn dy dammerij. Bauke sels liet moandeitejûn sjen hoe’t it gien wie. Wylst er in houtsje ferskode om ien om ien ôf te ruiljen, naam er mei de mouwe fan syn trui ek in oar houtsje mei. Dat twadde houtsje kaam sa te stean, dat Wijnia syn tsjistanner ynienen net ien mar twa hourtsjes slaan koe. Dykstra krige net ien werom en sa stûn er earst noch in houtsje foar en nei dy set ien achter. Ja dan ferlieze jo ferhipte sneu in heale punt.

Moandeitejûn siet de man mei de mouwen heech opstrûpt efter it boerd. Him soe soks net wer oerkomme. Spitich dat er no sa’n brike set die. Fansels hied er de smoar yn dat er troch de ôfruil  it spul Sjoerd Jan Bakker sa mar cadeau joech. Soks kin jin oerkomme, mar ferlieze troch de mouwe dat net wer.  Opstrûpe dy mouwen!

Se makken der in moai spektakel fan Tsjerk Wiersma en Jan de Jager. Der waard ek nochal wat blundere yn de partij, mar de beide krasse knarren hienen de measte wille. Jan begûn yn de einfaze wat te earmoedzjen: “dit kin ik net mear winne”!  Dêr hie er gelyk oan, mar Tsjerk wie de dizze jûn sa goed as bôle, hy fergeat in kear ien te slaan en struts twa kear de ferkearde. Ja dan wolle jo ek net winne. Alde Jan gyng laitsjende nei hûs en dat hied er de ôfrûne wike ek al dien as er werom tocht oan it damjen.

Utslaggen: T. Wiersma – J. de Jager 0 – 1; R. Wijnia – Y. Dijkstra 0 – 1; H. Postma – K. W. Koopmans 1 – 0; B. Dijkstra – S. J. Bakker 0 – 1; W. Schaap – B. de Boer 1 – 0; C. Kooistra – H. de Haan 1 – 0; B. Bos – S. Kalsbeek 1 – 0; B. Bos – H. Twijnstra 1 – 0.

In fata morgana op it boerd.

Skearnegoutum. Fata morgana’s komme gewoanwei foar yn de woastyn, mar moandeitejûn gyngen de luchtspegelings troch it damsealtsje fan de Stadige Strikers yn gebou Elim. Foarsitter Kooistra rekke troch dy spegeling op it boerd folslein fan de doele. 

Yn in winnende stân seach er net allinne apen, mar ek in hiele boaze bear, dy’t him sa mar ferskuorre woe. Mar wat er miende te sjen, wie der gewoan net. Lykwols die er noch wol in streek, mar hy wist dat it hielendal gjin sin mear hie. De partij wie ferlern. It hiele omsittend laach fearre op. Ferlieze dat koe net! Hoe is it mooglik! De foarsitter spriek letter sels fan in brekbarst yn ’e kop. Hy koe der ek net by, dat er it yn in stân fan fjouwer om fjouwer sa bryk hie. Dingen sjen dy’t der net binne. Ien gelok wie dat Bauke Bos de winst hiel goed brûke koe en syn twa ûnferwachte puntsjes tankber  yn ’e bûse stuts.

Bauke Dijkstra seach ek dingen. Nei alle gedachten hie er ek lêst fan in fata morgana. Hy joech ek sa mar twa houtsjes fergees fuort. Hy hie noch gelok dat Wijnia sa skrok fan it bûtenkânske, dat er net mear de skerpste streken dwaan koe. It is apart dat dy Dijkstra en Kooistra allebeide sa’n misser hienen. Nei alle gedachten komt it troch dat se beide ûnder it selde dak yn Hartwert grut wurden binne. Oars is der gjin ferklearring foar.

Utslaggen. S. J. Bakker – K. W. Koopmans 1 – 0; S. Kalsbeek – T. Wiersma 0 – 1; B. de Boer – Y. Dijkstra 0 – 1; B. Dijkstra – R. Wijnia ½ - ½; W. Schaap – J. Wiersma 0 – 1; J. de Jager – J. Kalteren ½ - ½; H. Twijnstra – T. Teigeler 0 – 1; B. Bos – C. Kooistra 1 – 0.

Dy smoarge rot tafel te piipjen.

Skearnegoutum. Der binne dammers dy’t ûnder it spul oan ien tried wei troch gelûdsjes meitsje. Bygelyks in bytsje tusken de tosken fluitsje of om de haverklap in klik lûd mei de mûle meitsje. Der binne ek guon dy’t mei de fingers op ’e tafel omroffelje. By de Stadige Strikers wie it moandeitejûn net in dammer, mar in tafel dy’t mei elke slach pipe.

“Dy smoarge rot tafel ek te piipjen!” sa prottele ien fan de Strikers. Aldergelokst wie der in spesjalist, yn de persoan fan Harry Postma, oanwêzich. Hy loste it probleem fakkundich op. As er syn partij tsjin dy Tsjerk ek sa oanpakt hie, wie er net in heale, mar in hele punt riker west. Dy Wiersma hie noch al wat praatsjes. Mocht ek noch graach eefkes De Boer freegje, hoe’t dy spile hie, wylst er wol wist dat dy bêste man ferlern hie. Eefkes sâlt yn de wûne struie! Ja it my der ien! Likegoed moat ek sein wurde, dat er Postma moai op kamp hold.

De moaiste slach fan ’e jûn wie foar Rients Wijnia. Syn tsjinstanner, Bauke de Boer, tocht dat er in flypflapke ûnskealik makke hie. Hy lei it Wijnia ek út. Dy hie dat fansels ek wol sjoen, mar likegoed moatte jo jo tsjinstanner net wizer meitsje as dat er al is. Nei De Boer syn streek siet it setsje der nammentlik noch yn. It koste wol in hout mear, mar de beleanning wie in moaie daam yn de koarte hoeke. Wijnia stûn in pear houtsjes efter en moast de goeie streken dwaan, oars hie de nestor him noch in raar gat yn skowe kinnen. De eksskieppeboer is dat striken tsjintwurdich wol ta fertroud en makke it sekuer út.

Utslaggen. H. Twijnstra – J. Kalteren 0 – 1; R. Wijnia – B. de Boer 1 – 0; S. Kalsbeek – T. Teigeler 0 – 1; H. Postma – T. Wiersma ½ - ½; K. W. Koopmans – B. Bos 1 – 0; Y. Dijkstra – B. Dijkstra 0 – 1; W. Schaap – J. de Jager 1 – 0; C. Kooistra – S. J. Bakker 1 – 0; T. Teigeler – H. de Haan 0 – 1.

Striker Sven is the man!

Skearnegoutum. Miskien hat er him wol foarnommen om de streken yn it nije jier earst goed troch te tinken om dêr nei pas te striken. Stadige Striker Sven Kalsbeek de Benjamin fan de klup siet tsjin it âldste lid Bauke de Boer. Yn foarige partijen tusken dizze twa wie der meastal gjin striid, omdat De Boer altyd frij maklik wûn. Moandeitejûn wie dat oars. Doe wie Sven the man!

In moai spul wie it, dat joech neat. Yn de einfaze stûnen de houtsjes fan op skerp en koe De Boer eins net mear winne. Dochs hie hy noch wol even oars kinnen en dan hie de Benjamin noch goed út sjen moatten. Dat is neipraat fansels en dêr hie Sven fierders gjin boadskip oan. Hy hie de punt mei bonus binnen.

Josette Kalteren like de punt ek te pakken. Se sette Tsjerk Wiersma goed ûnder druk. Hy hie syn houtsjes midden oer it boerd stean. Doe’t er hearde dat de nestor ferlern hie, kleide er: “Ik krij hjir ek in pak op de bealch. Moast ris sjen wat foar fleanfjild dit is!” Mooglik is Josette troch dat praat de skerpte wat kwyt rekke, want se liet har eigen houtsjes wat te wyld stean. Se hie de mooglikheid om in gatsje ticht te striken. Dat die se net, mar sette wat te happich ien op slach en doe wie it hommeles. Har mem Hennie de Haan moast al lang dêr foar in hout achter tsjin Bauke Bos en ek sy hie doe eins neat mear yn te bringen. In minne jûn dus foar de famylje De Haan.

Utslaggen: M. Bakker – K. W. Koopmans 0 – 1; H. de Haan – B. Bos 0 – 1; J. Kalteren – T. Wiersma 0 – 1; B. de Boer – S. Kalsbeek 0 – 1; B. Dijkstra – J. Wiersma 0 – 1; R. Wijnia – C. Kooistra 0 – 1; Y. Dijkstra – S. J. Bakker ½ - ½; J. de Jager – H. Twijnstra 1 – 0; T. Teigeler – M. Bakker 1 – 0.

It earste echte punt foar Marjolijn.

Skearnegoutum. Op de lêste damjûn fan it jier is Stadige Strykster Marjolijn Bakker der yn slagge om in echte punt yn ’e wacht te slepen. Ein febrewaris kaam sy foar it earst op ’e klup en hie noch nea fan it moaie Fryske spul heard. Ien fan ’e leden hat him doe oer har ûntferme en har de earste kneepkes fan it spul by brocht.

Dêr wie der dan de earste punt. Har tsjinstanner, Hindrik Twynstra, siet mooglik noch wat yn de ban fan de krystgedachte. Hy siet moai fredich te damjen mei sa no en dan in stichtlik wurdsje der by. It soe wol wer klear komme, hy wûn ommers al in oantal kearen fan har. Hy hie er dan ek hielendal gjin euvelmoed yn dat er in strieminne streek die. Marjolijn hat yntusken wol sa folle fan it spultsje opstutsen, dat se hat fêst tocht: “Dat kan geloof ik niet Twijnstra!” In pear kear goed nei tinke en noch ris in kear en doe sloech se ta. Der rûgelen in hiel soad houtsjes fan it boerd. Doe wie it tiid om op te pasjen om sa de winst te pakken. Se koe maklik ôfruilje, mar keas foar wat oars. Twynstra rûkte noch in kânske en briek troch nei daam. It moat sein wurde, dat de Strykster it dêrnei op in moaie Frysk spul eigen manier útmakke.

“Dit is ek moai foar Jasper!” sa spriek ien. Jasper is de man fan Marjolijn. Want sis no sels as jo as partner altyd ien thús krije dy’t ferlern hat, dan is de sjeu der op ’en duer der ek ôf. Dus in boppeslach foar de famylje Bakker. Ien fan de Strikers woe ha dat se noch in partijtsje moast, mar dêr skode de foarsitter him sels in skoatteltsje foar mei de wurden: “Lit Marjolijn dizze oerwinning fiere, de hiele lêste wike fan it jier lang. In mooglik ferlies soe dêr in skaad oer hinne lizze en dat moat net!” Wize wurden fansels. Marjolijn gyng yn feeststimming nei har Jasper.

Ype Boelens wie dwaande mei in ynhelrees. Hy pakte hiel wat punten, mar koe dy âlde rakkert fan in Rients Wijnia der net ûnder krije. Nee om dat foar elkoar te krijen moat men jin op ien partij ta lizze en dan is it noch dreech genôch.

Utslaggen:T. Teigeler – Y. Boelens 0 – 1; Y. Boelens – R. Wijnia 0 – 1; M. Bakker – H. Twynstra 1 – 0; S. Kalsbeek – K. W. Koopmans 0 – 1; C. Kooistra – B. Dijkstra 0 – 1; S. Kalsbeek – S. Teigeler 1 – 0; K. W. Koopmans – Y. Boelens 0,5 – 0.5; J. Wiersma – Y. Dijkstra 1 – 0; H. Twynstra – Y. Boelens 0 – 1;

Hartwert – Skearnegoutum: kat en mûs.

Skearnegoutum. Yn de breedte, yn de djipte en yn de hichte op alle fronten is Hartwert sterker as de Stadige Strikers. Wy hoege der gjin doekjes om hinne te winen: it wie de kat tsjin de mûs.

In kat lit in mûs gewoanwei noch wat om springe, boartet der wat mei en byt op in bepaald stuit eefkes feninich ta. Dat feninige hoegde der net iens by. Ek sûnder fenyn wienen de Hartwerters  de Strikers de baas. Yn tiden hat it net sa mâl wiisd as ôfrûne moandeitejûn. Oer alle einen en hoeken kamen de Strikers te koart.

Ype Boelens sei nei de ôfstraffing: “It hie noch minder kinnen!” Dat wienen wiere wurden. De Strikers moatte de trije en heale winstpunt fansels net ferjitte, mar dêr stûnen 12½ ferlies tsjin oer. Dan witte jo it wol. As skriuwer doart men suver gjin letter oan it papier ta te fertrouwen, bang dat it miskien net wier is. Spitigernôch is it wol wier. Hartwert is net mear te rissen.

Utslach: Skearnegoutum Hartwert 3½ - 12½.  J. Wiersma – T. Kooistra 1 – 0; W. Schaap – G. Terpstra 0 – 1; C. Kooistra – H. de Vries ½ -½; B. Dijkstra – T. Wijbinga 0 – 1; Y. Dijkstra – F. Wiersma 0 1; H. Postma – J. Bouma 1 – 0;  Y. Boelens – G. Bruinsma 0 – 1; J. de Jager – S.T. Kooistra 0 -1; R. Wijnia – S. de Boer 0 – 1; B. Bos – K. Abma 0 – 1; K. W. Koopmans – K. Wiersma 0 – 1; H. Twijnstra – K. Oosterhof 0 – 1; B. Boelens – H. Scheltinga 1 – 0; S. Kalsbeek – T. Vellinga 0 – 1; T. Teigeler – D. Namminga 0 – 1; T. Teigeler – S. Elzinga 0 – 1.

“Harry wie wat skier om ’e noas!”

Skearnegoutum. “Harry wie nochal wat skier om ’e noas en. bleau ek net lang sitten!” liet de behearder fan Elim de Strikers witte, doe’t er de lege kopkes út it damsealtsje helle. “Oars sit er meastal eefkes nei!” Ja sa giet it sa no en dan by de Strikers: jo sportive prestaasjes wurde noch ris even troch  oaren oereide.

“Ik tocht ik nim dat gokje mar, mar ja it wie fansels stom, want jo moatte dat gewoan net dwaan!” sa fertelde Harry Postma, hoe’t it kaam dat er nei in ferkearde streek sa mar trije efter stûn. Men moat der nea fan útgean dat jo tsjinstanner it slachje net sjen sil. De kâns is grut dat er it wol sjocht. Soms docht men wol ris in streek mei risiko, omdat der gewoan gjin betteren is. Postma hie streek genôch. It gokje siigde him dus raar ta de boksen yn. Hy koe it gewoan net mear winne of  kamp meitsje.

Syn tsjinstanster, dêr ha jo har wer, Tineke Teigeler! It is net de earste kear dat se mei in gelokje wint tsjin folle sterkere dammers. Wat foar jeften soe sy bûten it damjen noch mear ha? Bringt se de mannen yn in foarm fan hypnoaze en slacht se dan ta? Hoe dan ek, se wie wakker wiis mei har twa punten en terjochte.

Sjoerd Jan Bakker hat Jelle Wiersma it earste heale puntsje ôfsnipt. Wiersma hat bot oan it dokterjen west om der noch winst út te heljen, mar dat siet der net mear yn. De ien is bliid mei twa punten en in oar is like bliid mei in heale punt.

Utslaggen: J. Kalteren – M. Bakker 1 – 0; S. Kalsbeek – J. de Jager 0 – 1; H. de Haan – R. Wijnia 0 – 1; K. W. Koopmans – H. Twijnstra 0 – 1; Y. Dijkstra – B. Bos 1 – 0; J. Wiersma – S. J. Bakker ½ - ½; B. Dijkstra – W. Schaap 0 -1; C. Kooistra – T. Wiersma 1 – 0.

Hy stûn op sprong om ôf te reizgjen..

Skearnegoutum. Sinteklaas stûn op sprong om ôf te reizgjen nei Spanje, mar gelokkich koe er moandeitejûn noch krekt eefkes oan wippe by de Stadige Strikers. Alle winkels wiene Sinteklaas moandei al wer fergetten, taai letters hienen plak makke foar krystkrânskes. Dochs kaam de leave âlde Sint net mei lege hannen.

Njonken sûkelade hie er fansels ek it tsjokke boek by him. En dat wie mar goed ek. Hy hie nammentlik noch wat nammen te notearjen fan dyjingen dy’t sûnder boe of ba samar wei bleaun wienen. Sint sels wie wol troch de damp en mei minne diken dochs yn Elim oankommen. No hat in hynder gjin lêst fan dampens, mar glêde diken is in oar ferhaal. Sint sette dêrom de skimmel op skerp.

Wa’t ek op skerp stûn, wie Dooitzen Ykema. Hy sloech yn de heechste groep foar master op. Hy is ek opskreaun yn ’t tsjokke boek, mar dan wol yn positive sin. De winners fan de oaren groepen beselskippen him: Harry Postma, Bauke Bos en Sven Kalsbeek. Dizze mannen koenen har it bêste rêde mei de trije farianten yn tweintich minuten. It sil ús nij dwaan oft se har freed op it stryk-ta toernoai fan de Strikers ek wer yn de prizen damme sille.

Krekt as altiten: ik ferlies alles.

Skearnegoutum. Soms sit alles jo tsjin en liket de wet fan Murphy it allinne mar op jo fersjoen te hawwen. Stadige Striker Bauke Boelens like sa’n slachtoffer. Moandeitejûn ferlear er en sei: “Ik ferlies tsjintwurdich alles, myn beurs, myn rydbewiis en ek it damjen!”

No siet Boelens net tsjin de earste de bêste, want hy moast it opnimme tsjin Rients Wijnia en dy skoot der dit jier sterk op los. En mei Bauke hie er ek neat gjin moederaasje. Dat hie bêst kinnen, want ek ûnder de partij earmoede Boelens ek noch al wat en dan kinne jo as tsjinstanner it ear dêr wol ris wat nei hingje litte en wat minder sterke streken dwaan. Wijnia die dat net. Nee hy loste it fakkundich op.

Alle fans en stipers fan Tsjerk Wiersma hoege net oer him yn noed te sitten, omdat se hast nea mear in wurd fan dizze taaie âlde rakkert yn de krante lêze.  Hy liet moandeitejûn sjen dat er noch omraak damje kin. Wol is er wat minder mûlryp, suver de stikeme kant it neist. En it is sa, as men net folle seit, hellet men de krante ek net. Mooglik hat syn twadde ik of in oare ik ek wol sein: Dim dy mar wat Tsjerk, want aansten komst ek noch op in minne namme te lizzen. Hoe dan ek; mar wat it damjen oangiet, kin Tsjerk noch aardich op ’e tromme slaan.

Utslaggen: J. Kalteren – H. Twijnstra 1 – 0; K. van der Wal – M. Bakker 1 – 0; H. de Haan – H. Postma 0 – 1; B. Boelens – R. Wijnja 0 – 1; K. W. Koopmans – T. Teigeler 0 – 1; D. Ykema – T. Wiersma 0 – 1; J. de Jager – B. Dijkstra 0 – 1; Y. Dijkstra – J. Wiersma 0 – 1; S. J. Bakker – W. Schaap 0 – 1; C. Kooistra – J. Wiersma 0 – 1.

Omstanners seagen it swurk al driuwen.

Skearnegoutum. Der binne fan dy beladen partijen, wêr’t elkenien niget oan hat en it ferrin foaral net misse wol. In hiel hânfol Stadige Strikers folge de striid tusken Hennie de Haan en Kees Willem Koopmans. Tusken de eigen streken troch moasten se ek witte hoe’t it Kees Willem fergean soe. Hy hie yn de lêste partijen tsjin de famylje De Haan der net folle fan makke en no seagen de omstanners foar him it swurk ek wer driuwen.

Yn it foarste plak hie er yn de einfaze fierstente min tiid en syn stân like wol in bosk woartels. Ien foardieltsje hie er: Hy stûn in houtsje foar. It ferrin fan dat einspul is suver net te beskriuwen. Hennie wie dis kear fierstente leaf foar dy aardige jongkeardel. Mar goed, de omsteanders hienen der wakker niget oan. En it is fansels sa: de bêste stjoerlju steane op ’e wâl. De lêste minút gyng yn en Kees Willem die de set dy’t in soad earder ferwachte hienen. Der lei foar Hennie in oplossing, mar dy seach se oer de holle en de partij wie út.

In sucht fan opluchting en in brede laits fan Kees ferwolkommen disse winst. Hy krige fuort wer wat kleur op ’e wangen en  fleurich stapte er achter it boerd wei. It rint hearlik as jo dêr foar gefaarlik op it rântsje fan de ôfgrûn stûnen. No hat er ôfweefd mei it frouwekompleks sille wy mar rekkenje. Dat er tsjin froulju in stik minder dammet as tsjin de manlju moat der ek noch út.

“Neffens my is it kamp!” Al in pear kear hie Harry Postma,  Sjoerd Jan Bakker kamp oanbean. Der binne fan dy minsken, dy’t de krante wol lêze, mar der neat wizer fan wurde. Ferline wike is hjir noch opmurken dat dammers Frysk spul altiten troch gean: De dea of de gladioalen! Yn  dit gefal ha beide mannen de gladioalen ferparten, want it wie yndie kamp. Harry moast hiel sekuer strike, mar dat is him dit jier wol ta fertroud.

Utslaggen:W. Schaap – T. Wiersma 1 – 0; B. Dijkstra – B. Bos 1 – 0; S. J. Bakker – H. Postma ½ - ½; D. Ykema – J. Wiersma 0 – 1; H. de Haan – K. W. Koopmans 0 – 1; Y. Kalteren – T. Teigeler 0 – 1; S. Kalsbeek – M. Bakker 1 – 0; H. Twynstra – R. Wijnia 0 – 1.

In betiid jierdeiskadootsje foar Striker De Boer.

Skearnegoutum. Der binne fan dy sportlju dy’t op harren jierdei krekt eefkes wat mear jaan kinne as gewoanwei. En as men dan in priis pakt, sprekt men fan in jierdeiskadootsje. Sa wie it mei de nestor fan de Stadige Strikers ek, mei dit ferskil dat De Boer syn jierdei twa dagen letter wie.

Oars soe dit eins de krante net helle ha, mar de man wie hast 87 jier en boppedat wûn hy it fan in earste klasser en âldkampioen. De namme hoecht fansels net mei grutte letters fermeld te wurden. Alle koppen fan it omsittend laach draaiden deselde kant út, doe’t De Boer mei syn oerwinning lokwinske waard. Fragen kamen der fansels ek: Wie it kadootsje in gelokje? Hie syn tsjinstanner it al yn ’e kop om him op sa’n kado te traktearen?  Nee, allegearre neat fan wier. De Boer damde in sterke partij en syn opponint holp wol wat mei troch net de aldersnoadste streken te dwaan., mar dêr koe de winner neat oan dwaan. Mooglik hat syn tsjinstanner dochs wat ûnder de yndruk west fan dy sânentachtich jier. Wa sil it sizze.

Der like noch in útslach te kommen dy’t in grutte ferrassing wêze soe. Rients Wijnia stûn in daam foar tsjin de kampioen by útstek: Jelle Wiersma. Alle oanwêzigen holden de siken yn om te sjen hoe’t dit ôfrinne soe. De Boalserter siet goed krap yn de tiid, wylst Jelle minuten by’t soad hie. “Ik wol wol kamp!” spriek de man út Wommels. Soks binne de dammers Frysk spul net wend: dy geane altiten troch. Gjin salonremizes! Sa tocht Wijnia mei syn oardel minút dêr ek oer en hy naam de remize net oan. Hy tocht dat er Jelle te pakken hie, mar de man ferseach him grouwélich en ferlear. Guon fûnen dat er dat puntsje dochs mar oannimme moatten hie, mar sa sille wy net.

“Skriuw mar yn de krante dat de klok my nekke hat!”  fûtere Bauke Dijkstra. Sjoerd Jan Bakker trof it ek wol wat dat syn klok by it net goed yndrukken troch de tsjinstanner it ferhipte om te rinnen. As dyn klok net rint, dan hâldst moai wat tiid oer fansels. De partij wie moai genôch. Bakker stûn minder, dat fûn er sels ek, mar dat seit neat. Hy stiet altyd minder. Al mei al hie er in moai skoft tocht, wylst syn klok net rûn. It betsjutte dat Dijkstra noch mar in bytsje romte hie om te tinken, wylst Bakker noch in see fan tiid oer hie. De man út De Tynje koe út syn winnende stân net mear as kamp helje troch dy klok.

Utslaggen: M. Bakker – J. Kalteren 0 – 1; H. de Haan – S. Kalsbeek ½ -½; J. de Jager – T. Teigeler 1 – 0; K. W. Koopmans – T. Wiersma 1 – 0; H. Postma – Y. Dijkstra 1 – 0; D. Ykema – W. Schaap 0 – 1; J. Wiersma – R. Wijnia 1 – 0; S. J. Bakker – B. Dijkstra ½ - ½; B. de Boer – C. Kooistra 1 – 0; J. Kalteren – B. Bos 0 – 1; T. Teigeler – M. Bakker 1 – 0.

Dat wurdt wer in minne jûn tegearre!

Skearnegoutum. Jierrenlang kaam Stadige Striker Bauke de Boer alle moandeitejûnen op ‘e fyts út Snits. Doe dik yn ’e tachtich stapte er in oantal jierren op in elektrysken ien. No lit er him deftich ophelje yn in lúkse wein. Tsjin syn sjauffeuze sei er moandeitejûn nei it damjen: “Dit wurdt wer in minne jûn tegearre!”

Beide, hy en Hennie de Haan, koene it nammentlik lang net risse. De Boer stûn yn in poep en in skeet sa mar twa houtsjes efter tsjin de sterke Bauke Dijkstra en Hennie rekke yn it middenspul op efterstân tsjin de taaie Jan de Jager. De partijen wienen yn in sucht út. In  opmoedigjend sms-ke is mooglik noch yn de auto op Hennie har mobyl binnen kommen. Doe wie dat te let. Net dat de beide leafhawwers fan it Fryske spul as brutsen figueren, yn sek en jiske yn de auto sieten, nee dat net. Beide kinne se goed tsjin harren ferlies. Dochs rydt it krekt even wat fleuriger en blider as der twa punten meireizgje. Mar ja it damlibben is net altyd rys mei rezinen.

De auto dy’t nei Sibrandabuorren gyng, ferfierde ek twa ferliezers! No binne de beide froulju dat ferliezen wol wend. Sy moatte noch in soad learjild betelje. En as men dan dochs in kear mei in noflik gefoel mei in punt nei hûs ta rydt, sa as Tinele Teigeler ferline wike, stiet der yn de krante dat net sy, mar har freondinne Marjolijn Bakker wûn hie. De lêste waard wiidweidich troch har man en oare doarpsgenoaten lokwinske mei de punt. Dat fielde wol lekker, mar it docht sear as men dan sizze moat: “Nee Tineke hie wûn!” Dy  koe de opmerkings gelokkich mei in blide laits rjochtsette.

Miskien hat Sjoerd Jan Bakker mei syn auto en bysitter Jan de Jager op alle rotondes nei Snits wol twa ekstra rûntsje makke. Earerûntsjes! Hy en syn dammaat wûnen . De lêste dus fan Hennie en Bakker fan syn aartsrivaal Cor Kooistra. In striid op it skerpst soe it gjin tel wurde. De lêste paste de teory net goed ta en hat de hiele partij efter de feiten oan hobbele. Gjin skyn fan kâns, sa liet er it omsittend laach witte. En dat wie ek sa.

Utslaggen:  W. Schaap – K.W. Koopmans 1 – 0; H. Twijnstra – T. Wiersma 1 – 0; K. van der Wal – S. Kalsbeek 1 – 0; J. de Jager – H. de Haan 1 – 0; R. Wijnia – M. Bakker 1 – 0; T. Teigeler – B. Bos 0 – 1; B. de Boer – B. Dijkstra 0 – 1; S. J. Bakker – C. Kooistra 1 – 0; H. Postma – J. Wiersma 0 – 1; B. Bos – M. Bakker 1 – 0; T. Teigeler – R. Wijnia 0 – 1.

 

Ype kin it net allinnich!

Skearnegoutum. De Stadige Strikers seagen wol eefkes raar op dat Ype Boelens, de man dy’t dit jier net mei damt, de seal yn stapte. En dat net allinne, hy hie fuort syn frou ek mar meinommen. Ferline jier is er út de heechste klasse wei reage, soe er no fersterking by syn partner sykje. Kin Ype it net mear allinnich?

It foel op dat er praat foar twa hie. Faaks binne de manlju op de klup wat drokker as oars, omdat se even los fan it wiif binne. By Ype krekt oarsom. Noch nea ha wy him sa oerémus en drok mei makke. Jongfeinten wolle har noch wol ris ymponearjend foar harren leafste gedrage, mar fan Ype is dat jonge al lang ôf. Dochs die it oanwêzich wêzen fan syn leafste him wol fertuten. Hy prate as in abbekaat en damde as in plysje. Hy wie mar leafst twa man tagelyk treast. En dat wienen net de earsten de bêsten. Nee sa siet in kanon as Dooitzen Ykema tsjinoer him. Ype feroare der net om. Hy feegde Ykema gewoan ûnhuer fan it boerd.

Syn oare tsjinstanner hie wat mear yn akte. Dy man kin net allinne damje, hy is ek fertroud mei molen:  Achtkanters, spinnekoppen en gean sa mar troch en fierders hat er wat mei de krukas. No dan witte jo it wol. Hy, Bauke Bos, koe mei syn daam spitigernôch Ype syn houtsje net keare, wêrtroch dy twa dammen krige en de partij dus wûn. Twa tsjin ien is kattemoardzjen. Ype rûn mei in slach yn ’e rêch troch it sealtsje. Hy liet syn wyfke wakker blike hoe goed as er wol net wie. Soe er it allinne ek kinne, it omsittend is dêr noch net sa wis fan. Nije wike sit er wer op kursus, mar wy tinke dat er leaver dammet, dat miskien komt er nije wike wer mei syn frou del.

Ien man dy’t ek wol wakker parmantich en eptich nei de partij omstappe koe, wie Rients Wijnia. Hy pakte in heale punt fan de grutte Sjoerd Jan Bakker ôf. Wijnia rûn net oars as oars. Fansels wie er wakker op it skik mei syn kamp, mar oerdriuwe nee dat passet net by de man. It is mar goed dat dy Strikers net allegearre gelyk binne, want dan soe it in saaie bedoening wurde.

Utslaggen. D. Ykema – Y. Boelens 0 – 1; K. W. Koopmans – Y. de Jager 1 – 0; T. Wiersma – Y. Dijkstra 0 – 1; S. J. Bakker – R. Wijnia ½ - ½; M. Bakker – H. de Haan 0 – 1; S. Kalsbeek – H. Twijnstra 0 – 1; B. de Boer – T. Teigeler 1 – 0; B. Dijkstra – C. Kooistra ½ -½; J. Wiersma – W Schaap 1 – 0; B. Bos – Y. Boelens 0 – 1; M. Bakker – T. Teigeler 1 – 0; H. de Haan – B. de Boer 0 – 1; H. Twijnstra – T. Teigeler 1 – 0; M. Bakker – S. Kalsbeek 0 – 1.

 

In Striker by de gatten om ticht?

Skearnegoutum. Men wol it hast net leauwe, mar ien fan de Stadige Strikers soe noch eefkes stikem syn daam in triuwke jaan nei’t er him delsetten hie. In triuwke fierder nei it folgjende fjild. Sa lang al damme en dan noch de rigel fan loslitten en ôfbliuwe besykje te omsilen troch dat lytse triuwke. Is dizze Strikers wellicht by de gatten om ticht? 

Hy hat wellicht tocht: “Myn tsjinstanster en nijste oankeap fan de Strikers, hat dêr dochs gjin weet fan” De man hie dinderse goed yn it snotsje, dat er syn daam op it ferkearde plak delsette. As in snoek wie de finger werom om dat ferbettere setsje te jaan. De “opperstriker” seach dat en rôp: “Dat mei net!” Dat wie ek sa, dus kaam de daam werom op it plak.

De tsjinstanster wie nei alle gedachten ek wat fan de wize en seach it slachje net. Sa dwaande wûn de man dochs noch, mar elk fan it omsittend laach wit no, dat se dy man yn de gaten hâlde moatte. Hy liket noch gjin mich deaslaan te kinnen, mar ûndertusken wol deagemoedereard sa’n jong frommiske ferrifelje wolle. Ja de Stadige Strikers ha aparte leden!

Fjirtjin dagen lyn spriek er nei in lange mar winnende partij de wurden: “Dat wie dreech en no sliep ik de hiele nacht net!” Oft Dooitzen Ykema fan moandei op tiisdei wol slipt hat is noch mar de fraach. Nei in prachtige en drege partij behelle er kamp tsjin de sterke Sjoerd Jan Bakker. “Thús earst noch mar even bekomme!” sa spriek er, mar it soe bêst wol ris sa wêze kinne, dat er nei in oerke op bêd gyng, mar de sliep mar net krije koe. Wakker ûnrêstich lei er wellicht noch tiden njonken mem om te skaaien en te skeuken. Dy hat doe sein: “No Doffy jonge, jou dy no mar del! No hast my lang genôch út de sliep holden!” Sa is it wellicht gien en soe it sa wêze, dan hie dat noch it heale puntsje tsjin Bakker mear as wurdich west.

Ferline wike waard him hjir noch de rie jûn om ris yn syn probleem fan it ferskiten fan in partij te fersjen. Alderhanne goeie advizen stienen swart op wyt, mar Kees Willem hat tocht: “Wat sille wy no belibje, niks gjin psycho-analyze of oare help, ferdoarje, ik help my self!” En hoe! Hy helle mei in moaie flypflap en in prachtich sturtsje himsels wer boppe Jan. De taaie en sterke Rients Winia wie troch dy streken de pineut!

Utslaggen:B. Bos – W. Schaap 0 – 1; H. Postma – S. Kalsbeek 1 – 0; B. Dijkstra – Y. Dijkstra 1 – 0; K.W. Koopmans – R. Winia 1 – 0; T. Wiersma – R. Teigelaar 1 – 0; S. J. Bakker – D. Ykema ½ -- ½; J. de Jager – C. Kooistra 0 – 1; M. Bakker – H. Twynstra  0 – 1; H. Postma – M. Bakker 1 – 0.

It siigde him wer ta de boksen yn!

Skearnegoutum. Ferline wike waard Stadige Striker Kees Willem Koopmans hjir noch in fear yn de broek stutsen, omdat er it knap kamp hold tsjin earste klasser en maat Ynte Dykstra. No siigde it him raar ta de boksen fan dy selde broek yn. Hy ferlear it spul wat er net ferlieze mocht en net ferlieze koe, mar it wol die.

No hat Kees wol faker problemen mei froulju. Ferline jier ferlear er twa kear, hielendal ûnnedich fan Hennie de Haan. No die er dat tsjin har dochter Josette. Soe er tefolle yn de ban fan froulju komme? Kin er harren eins net wjerstean? Makket it him ûnseker en ûnwis? Kin er der net oer dat sa’n frommiske dochs mar troch spilet, wylst se oan alle kanten en einen op ferlies stiet? Wol er tsjinoer it omsittend laach it te moai útmeitsje?

De Strikers witte it net mear. Wellicht sil hjir ris yn fersjoen wurde moatte. In striidsberheidstraining miskien? Of in kursus: “Hoe moat ik omgean mei froulju” It bestjoer moat mooglik op ‘e siik nei in haptonoom dy’t dit mantsje ris even goed ûnder hannen nimt, want ien ding is wis, sa kin it net langer.

Dy âlde rôt fan in Jan de Jager hat gjin help nedich. Hy sloech  wer foar master op. Hy makke nestor Bauke de Boer fakkundich yn. Wat hie dy De Jager in wille en dat mocht ek wol, want dy De Boer is fansels net fan juster. De beide mannen sitte hast altiten wol dreech, mar diskear hie allinne De Boer dat.

Kwaliteit komt altiten boppe driuwen. Sa wie dat ek yn de partij tusken Jelle Wiersma en Cor Kooistra. De beide mannen dy dizze wike nei Praach geane om dêr tsjin Poalen, Ytalianen en Tsjechen te damjen, brochten wol in aardich spultsje op it boerd. No kin Jelle ferskuorrend damje en dat die no ek wer bliken. Hy helle der in moai slachje út, dat Kooistra sjen moatten hie, mar ja dat is in kwestje fan kwaliteit. Dat komt altiten boppe driuwen.

Fansels wie elk optein, doe’t Kevin van der Wal it smûke damsealtsje wer binnen stapte. Ferline jier slagge it him net om mei te dwaan, mar no wie er wer paraat. It damjen moast noch wol wat wenne en elk tocht al dat er op in Hollânske klup sitten hie. Hy seach nammentlik in dwerse slach finaal oer de kop. Gelokkich breide er it yn de lêste minuten noch goed en fersloech er buorman Twijnstra.

Utslaggen:  B. Bos – T. Wiersma ½ -½; K. van der Wal – H. Twynstra 1 – 0; R. Wijnia – H. Postma 0 – 1; T. Teigeler – S. Kalsbeek 0 – 1; K. W. Koopmans – J. Kalteren 0 – 1; B. de Boer – J. de Jager 0 – 1; H. de Haan – B. Dijkstra 0 – 1; W. Schaap – Y. Dijkstra ½ - ½; J. Wiersma – C. Kooistra 1 – 0; B. Boelens – T. Teigeler 0 – 1.

  

Suertsjeferkearing by de Strikers?

Skearnegoutum. It omsittend laach hold him skerp yn ’e gaten. Ferline wike besocht er noch de jongste fan it hiele stel mei syn snobbersguod  op ’e lije side te kommen. No moast er tsjin in frommiske. Soe Twynstra miskien syn lekkers wer yn de striid goaie. Begjinnende suertsjeferkearing wellicht?

Dy âlde baaskes moat men yn it fersier hâlde. Nim no sa’n man as Tsjerk. Hy siet noch mar krekt tsjinoer syn tsjinstanster of hy sei: “Do meist wol wat út dwaan!” Unfoech praat fansels. Sa wie it net mei Twynstra. Nee hy hie eefkes gjin tsjinstanner en rûn wat om, mar al wachtsjende hie de partij fan twa Stryksters yn it bysûnder syn oandacht. Doe’t dat spul út wie, stûn de man klear om tsjin ien fan de beide syn keunsten te fertoanen. It waard Hennie de Haan. Elk tocht no sil er de doaze mei suertsjes wol út de kast pakke om dêrmei syn tsjinstanster út it lykwicht te krijen. Nee dat die er net. It hie ek gjin sin hân. Fan in eventuele suertsjeferkearing hie er by de ferkearde west. De partij wie al hast út, doe’t in smske fan in grutte supporter by Hennie binnen rôljen kaam. Doe wie it foar elk wol dúdlik dat it lekkerste sûkelaadsje dêr net tsjin op kinnen hie.  Hennie wûn!

Trije spullen einigen yn kamp. Dat is in soad foar Frysk spul. Twa man wiene wakker wiis mei harren kampke. Kees Willem Koopmans en Harry Postma. Harrren remizen fielden as in oerwinning. Beide spilen se tsjin in hegere klasser en gienen dêrom foar de bonus. In remize soe harren dochs noch in hele punt opleverje. Kees moast tsjin maat en promovendus Ynte Dykstra.  Sa’n promodites strielt wat sterks út, dat moat men net ferjitte. Net sa bot as “wat soesto no jonkje” mar dochs. Men hat mei sa’n titel wat oerwicht!

Harry krúste de degens mei foarsitter Cor Kooistra en hy gyng der suver al in bytsje fan út dat dit spul wol ris in nul betsjutte koe. Hy doarde net iens syn eigen spil te spyljen! Mar it alternatyf pakte dus hiel goed út. Beide partijen einigen dus yn kamp. Beide mannen binne no yn bonus!

Wat is der mei ús kampioen te rêden? Kampioen wurde is neat, mar om it te bliuwen is faaks in poepetoer. Willem Schaap de grutske kampioen fan ferline jier hat no al twa ferliespartijen oan ’e kont. Mist hy miskien de útstrieling fan in kampioen wêr elk benaud fan wurdt? Of tinkt er sels dat er no ûnferslaanber is? Twa kear ferlieze! Oer de partij fan moandeitejûn moatte wy it hjir fierders mar net ha, want sa wol Willen as tsjinstanner en winner Bauke Dykstra makken der mar in potsje fan.

Utslaggen. T. Wiersma – M. Bakker 1 – 0; S. Kalsbeek – J. Kalteren ½ -½; B. de Boer – S. J. Bakker 0 – 1; D. Ykema – J. de Jager 1 – 0; T. Teigeler – H. de Haan 0 – 1; R. Winia – B. Bos 1 – 0; Y. Dykstra - K. W. Koopmans ½ - ½; W. Schaap – B. Dykstra 0 – 1; C. Kooistra – H. Postma ½ - ½; H. de Haan – H. Twynstra 1 – 0.

 

De Fryske slach yn Skearnegoutum.

Skearnegoutum. Men hat slaggen en men hat slaggen. Moandeitejûn fûn der yn Skearnegoutum wer de Fryske slach plak. De Fryske slach mei al syn striid en aksje. Men soe dochs nea oars wolle? Sa tochten de tweintich striders der nei alle gedachten ek oer. Der waard fuortendaliks alles al

yn de striid smiten. De slaggen, de streken en it slûchslimme praat. Ien fan de striders, Jan de Jager hie him yn de tarieding ferline wike noch ûntfalle litten dat er om him wol yn de tredde klasse yndield wurde mocht. By de echte slach dizze wike die wol bliken dat er it dan fierstente licht krije soe. Hy wûn frij maklik fan de altiten sterke Bauke Bos. Yn it middenspul kaam dy stjonkert al in houtsje foar. No dan witte jo it wol. Bauke kaam raar yn de skjirre en De Jager liet net los en spile it deeglik út. En dat woe dan ek noch yn de tredde klasse spylje. Soenen je se net.

Sven Kalsbeek, de jongste fan it stel, krekt fan de fuotbaltraining, spile fris fan de lever. Syn buorman, dy’t mei in doaze fol suertsjes de jongeman en de oaren besocht om te keapjen, slagge dêr net yn. Sven pakte it iene suertsje nei it oare út, sobbe lekker en pakte Twynstra, de suertsjeman, tuskentroch hartstikkene yn.

Yn de twadde klasse is der fuortendaliks al in koprinner. Harry Postma is de namme. Hy wûn mei syn handelsmerk, de Germ Terpstra iepening. Dy iepening hat er sa njonkenlytsen goed yn de macht en wa’t de tsjinsetten net al te goed wit, kin raar op de kofje komme. Dat ûnderfûn, wa oars as Bauke Boelens. Noch mar kwalik de earste slok kofje op of it wie al donderjen. Boelens koe wol ynpakke. Hy waard fan it boerd feegd. Harry woe noch wol in kear en fûn in willich slachtoffer yn Josette Kalteren. Dy hie it earste potsje eins krigen en woe ek noch wol even. In striid mei twa gesichten. It like dat Josette gjin poat oan de grûn krije soe, se kaam achter en soe frij simpel nei de barrebysjes gean, mar doe stûke it by Harry in bytsje. Josette kaam lyk en it waard wer partij, mar winne koe se krekt net en Harry hat no twa punten en is de grutske koprinner.

Utslaggen. H. Twynstra – S. Kalsbeek 0 – 1; J. Wiersma – B. Dijkstra 1 – 0; T. Teigeler – J. Kalteren 0 – 1; S. J. Bakker – Y. Dijkstra 1 – 0; J. de Jager – B. Bos 1 – 0; H. de Haan – T. Wiersma 0 – 1; D. Ykema – R. Winia 1 – 0; B. Boelens – H. Postma 0 – 1; B. de Boer – K. W. Koopmans 1 – 0; C. Kooistra – W. Schaap 1 – 0; J. Kalteren – H. Postma 0 – 1; T. Teigeler – H. Twynstra 0 – 1.

Strikers mei in protte nocht wer útein.

Skearnegoutum. It like moandeitejûn wol wat op in blide thúskomst by damklup De Stadige Strikers. Mei in tige goed sin kaam suver elkenien op de earste byienkomst tasetten. Yn de hiele gearkomste soe dy sfear fan geselligens hingjen bliuwe, wylst alderhande saken oan de oarder kamen. No is it altiten gesellich by de Strikers, dêr hoecht men net oan te twifeljen, mar dizze earste jûn wol yn it bysûnder. De foarsitter spriek dan ek oan ’e ein fan de jûn de winsk út om it hiele jier yn dizze sfear sa goed en moai mooglik te damjen.

Ien man en dat is net de earste de bêste sjogge wy dit jier op de moandeitejûnen net wer. Net dat er no hielendal útnaait, nee sterker noch, hy bliuwt gewoan yn funksje as skathâlder. Om syn kennis oangeande moderne bedriuwsfiering wêr wat op te krikken, folget er op moandeis in kursus. Dit sil de Strikers yn de takomst nei alle gedachten noch fertuten dwaan. Ek foar sa’n klupke is moderne bedriuwsfiering mei al dy hierferhegings en sa hast in “must”, ferjit dat net.

Ofrûne jier liet ús dammer Willem Jan Nieuwenhuizen it nije froulike lid Marjolijn witte, dat er ek noch wol even “een ander spelletje met haar wilde spelen” Dêr is doe bot om lake, mar Willem Jan hat te let west mei syn opmerking, want de selde Marjolijn siet dizze jûn foar it earst as mem by de Strikers. Willem Schaap foar de twadde kear as heit en dêr mei hoege wy ús om it fuortbestean fan it Frysk Spul wer wat minder soargen te meitsjen, want it entûsjasme fan sa wol de mem as de heit is tige grut. Dat moat hast wol oergean op harren bern.

Nei it saaklike part fan de jûn, wêryn it wiidweidige jierferslach, de notulen, de positive finânsjes en noch in protte oare saken tsjin it ljocht holden waarden, hellen dyjingen dy’t noch even priuwe woenen oan dat jinge wêrfoar men komt, de buorden en houtsjes út de kast. Der waard noch even omraak strutsen en dat as foarpriuwke foar it echte wurk, dat nije wike wer los barst.