Nijs


 

 

It is achter de rêch: it neigesetsje fan de klupkampioenskippen. De Stadige Strikers ha fan de beide oare klups wûn en binne dêrtroch as twadde einige.

Danielle van der Schaaf wint frouljusdamjen.
Der dienen mar fjouwer dames mei en ek noch allegearre fan ús klup.
Dat wy kinne net sprekke fan in Frysk kampioenskip.
Danielle al in pear jier troch wurk net op de klup wûn alle partijen.
Utslach: 1 Danielle van der Schaaf 3p. 2 Hennie de Haan 1½p. 3 Tineke Teigeler 1p. 4 Marjolijn Bakker ½p.

Yn memoriam

Op woansdei 7 maart is sa mar ûnferwachts ferstoarn ús lid Dooitze Ykema, 75 jier âld. Wy ha him altiten kend as Dooitzen of ek wol Doffy. Hy hat jierren by ús op de klup sitten. Okkerjiers hat er slim siik west en wy wienen der doe bang foar dat wy him net wer by ús op de klup sjen soenen. Gelokkich is hy der wer boppe op kommen. Net alle wiken wie er fan de partij, mar meastal wol. Hy belle wol ris om te sizzen dat er de jûns net komme soe. Dan koe er de moed net op bringe om stûf damme te moatten, want dat die er altiten: stûf damme.

Ykema wie in sterke en tûke dammer. Hy joech nea op. Pluze alle mooglikheden nei en as er de iepening goed troch kommen wie, dan hiest in dregen oan him. Op it lêste klupkampioenskip yn Easterein wûn er op it sande boerd alle trije partijen. Dooitzen woe ek altiten graach winne, omdat er oan ferliezen eins mar it mier hie. Ferlear er dan sei er al gau: “Ik sjoch der neat mear fan. Ik kin der ek wol mei op hâlde!” Oan de oare kant koe er omraak genietsje fan moaie slaggen. Yn ien wurd in echte dammer!

Oer it restant fan it klupkampioenskip, dat noch ferspile wurde moat, die er ek mei oan de diskusje fan ynfallen en net ynfallen fan in oare spiler. Doe murk er op: “Stel no dat der ien fan de dammers stjert, mei der dan ek net ien ynfalle?” Wat is it bizar dat hy dejinge is dy stoarn is. Soe er mooglik in foargefoel hân ha. Wy witte it net, wol witte wy dat wy in tûke dammer kwyt rekke binne. Dat er yn frede rêste mei.

Wy winskje syn frou, bern en pakesizzers in soad sterkte ta om dit sa ûnferwachtse ferlies te ferwurkjen.
 


Berne op 19-12-2011 Jesse. Soan fan Ynte Dijkstra en Akke van der Burg.
Wy lokwinskje heit en mem mei harren soan en wy hoopje dat hy letter in baas dammer wurdt.


Freedtejûn 16 desimber organisearre ús damklup “De Stadige Strikers” in stryk-ta toernoai Frysk spul. It Wiersma Stryk-ta toernoai!

Dêr dienen 29 dammers oan mei.

Utslach:

Eareklasse groep I: 1e Foeke Tiemensma Frjensjer

2e Folkert Groenveld Jutryp

groep II:1e Jelle Wiersma Wommels

2e Tsjerk Wybenga Arum

Haadkl A 1e Dooitzen Ykema Snits

2e Liuwe Westra Lollum

Haadkl. B 1e Leo Altena Dedgum

2e Macel Altena Blauhûs

Earste kl groep 1: 1e Kees Willem Koopmans Skearnegoutum

2e Bauke de Boer Snits

groep 2: 1e Jehannes Hoekstra Aldegea-W

2e Tsjerk Wiersma Snits

Twadde kl. gr 1: 1e Herman Terwisscha van Scheltinga Nijlân

2e Jan Nauta Bitgumermole

gr 2: 1e Harmen Westra Lollum

Tredde kl. 1e Hindrik Twynstra Skearnegoutum

2e Josette Kalteren Skearnegoutum


Op freedtejûn 18 novimber hat it fjouwertal, besteande út Jelle Wiersma, Tjalling Goedemoed, Dicky van der Meer en Ype Boelens it miniklupkampioenskip yn Jorwert wûn.

Dêrmei ha de Strikers it kampioenskip prolongearre. Profisiat!

Op freed 29 april is Bauke Bos, de skriuwer fan ús klup, beneamd ta lid yn de orde van Oranje Nassau. Hy hat dizze ûnderskieding krigen foar al syn frijwilligerswurk.

Bauke fan herte lokwinske!

Hennie de Haan, ús Stadige Strykster, is hoed, 26-03-2011 kampioen wurden fan de froulju. Hennie fan herte lokwinske!


Dooitzen Ykema is ôfrûne snein, 02-01, opnommen yn it sikehûs te Snits. Hy is operearre en it liket net sa goed. Wy winskje him fan herte betterskip ta.


Op it Stryk-ta toernoai kamen 37 dammers ôf. Der is prachtich damd en om sa'n kerier oer tolven foel de lêste slach. Doe hienen de measten harren priis al yn ûntfangst nommen. Sjoch fierder foar it ferslach it krantestikje.


Op tongersdei 2 desimber binne sawol Klaasje Dijkstra-Dijkstra, mem fan Ynte Dijkstra  as Baukje Schaap- Wildschut, twadde mem fan Willem Schaap ferstoarn. Wy winskje harren en de famylje in protte sterkte ta mei dit grutte ferlies.


Op freedtejûn 10 desimber organnisearje wy ús jierlikse damtoernoai.Tagelyk is er it kampioenskip yn de 1e,2e en 3e klasse. It begjint om 7 oere en men hat 40 minuten op de klok. Plak fan striid: Elim Skearnegoutum.

It toernoai wurdt sponsere troch Wiersma administraasjekantoar te Wommels. Opjaan by Ype Boelens op telefoannûmer 0518-451795 tusken 19.30 en 21.00 op tongersdei 9 desimber of op e-mail: yboelens@gmail.com foar tongersdei 9 oere de jûns.

22-11-2010
Us skriuwer Bauke Bos en syn frou Wieb wiene moandei 22 novimber 12 1/2 jier troud.

19-11-2010
Wy bin as klup op ’e nij kampioen wurden fan it miniklupkampioenskip te Jorwert. Wy ha fan Hartwert 1, Aldegea 1, Jorwert 1 en fan Lollum 1 wûn. De spilers wiene Jelle Wiersma 2½ punt út 4; Bauke Dijkstra 3½, Cor Kooistra 3½ en Ype Boelens 1½.


10-11-2010

Jelle Wiersma is winner fan it iepen kampioenskip fan Littenserdiel wurden. Hy is dus kampioen. Hy behelle 3½ punt út 4 partijen.
Bauke Dijkstra waard fjirde mei 2 út 4.
It kampioenskip is oer twa tiideitejûnen ferdamd yn Jorwert.

 

 
10-11-2010
De nestor fan de klup, Bauke de Boer, is hjoed 10 novimber 87 jier wurden. Fan herte lokwinske! Wy hoopje him noch in hiele tiid as dammer yn ús fermidden te hawwen.