De Spulregels:
1. Lis it boerd sa, dat it fjild
loftsûnder donker is. Der wurdt op'e donkere fjilden spile.
2. Wyt begjint.
3. In houtsje mei 1 fjild skean
foarút skood wurde.
4. In houtsje mei foarút likegoed
as efterút slaan yn 8 rjochtings(dus ek horizontaal en fertikaal).
5. In houtsje dat op'e daamline
komt wurdt in wolf, op sa'n houtsje wurdt in oar houtsje setten.(Tink derom: as
in houtsje by in slach oer de daamline komt, dan bliuwt it in houtsje).
6. In wolf mei skean foarút en
skean efterút skood wurde safier as dat mooglik is.
7. Mei in wolf mei mar trije kear
efterinoar skood wurde, dêrnei moat er frij makke wurde troch in slach(eventúeel
mei deselde wolf) of in set fan in oare wolf of in houtsje. Dizze beheining
ferfalt wannear't ien inkeld mar wolven hat.
8. In wolf mei slaan yn 8
rjochtings (ek de wolf mei horizontaal en fertikaal slaan). De wolf(daam) hoecht
net lyk efter in sleine stik delset te wurden.
9. Slaan is ferplichte.
10. Mearslach giet foar.
Twa houtsje hawwe mear wearde as ien wolf. Ien houtsje
hat minder wearde as ien wolf.
11. Daamslach giet foar. Kinne in
wolf en in houtsje in like grutte wearde slaan, dan giet de wolfslach foar, oars
giet mearslach foar.
12. Pas nei de slach wurde de
sleine stikken fan it boerd krigen.
13. By it slaan mei ien wol faker
as ien kear oer itselde fjild komme, mar net faker as ien kear oer it selde
stik.
14. Oanreitsje is sette.
15. As ien spiler 2 wolven hat en
syn tsjinstanner hat 1 wolf, dan hat de spiler mei 2 wolven 7 setten om de
partij út te meitsjen, oars is it kamp.
16. As in spiler it net mear winne
kin is de partij kamp(elk ien wolf).
17. De partij is wûn as de
tsjinstanner gjin stikken mear oer hat of fêst stiet.
Sukses mei Oer Alles!
  
|