|
De
Kameleon yn it Frysk
|
|
Op
25 augustus
2004 is
ferskynd: De
Kameleon
stekt fan
wâl
Sjoch
foar alle
titels
hjirûnder
|
![]() |
| DE
SKIPPERS FAN DE KAMELEON
Hylke
en Sytse binne twillingen. Harren heit is smid yn Marherne, in doarp dat
oan de mar leit. De jonges sjogge faak nei de moaie boaten dy't dêr farre.
Se soenen sels ek hiel graach in eigen boat ha wolle. Mar ja, dat
bliuwt earst in winsk. Op in dei kriget in 'opdrukker' motorpech yn 'e
feart achter de smidderij fan de famylje Klinkhamer. Om't it boatsje al
sa âld is, wol de eigner der wol fanôf. En sa ha de jonges ynienen in
boat. Tekeningen
fan Ruud Hameeteman |
|
| Utferkocht / uitverkocht | |
|
Op 'e mar by Marherne is
hurdsilen. Sytse en Gerben dogge ek mei, mar earst moatte de maten meiinoar
Gerben syn boat hielendal opknappe. Tekeningen fan Ruud Hameeteman |
|
| Uitverkocht/útferkocht | |
|
Op in dei farre Hylke en Sytse mei harren maten nei de oare kant fan de mar. Dêr sjogge se allegear flachjes hingjen en se hearre jûchheigerop. It docht bliken dat der in fierljepwedstriid oan 'e gong is. Gerben docht ek mei, hoewol't er Hylke en Sytse dêr neat oer ferteld hat. Hy is benaud dat er mei it fierljeppen in modderfiguer slaan sil. Wêr't Gerben bang foar is, gebeurt ek, want de Kameleon bringt yn dit gefal gjin gelok! Tekeningen
fan Ruud Hameeteman |
|
| Uitverkocht/útferkocht | |
|
Maten helpe inoar altyd. Teminsten, dat dogge se meastentiids. Hylke en Sytse ha lykwols wat betocht om harren maat Gerben fan 'e wâl yn 'e sleat te helpen. Se ha twa fuotten fan in etalaazjepop fûn en dêrmei helje se in grap út dêr't net allinne Gerben it slachtoffer fan wurdt, mar Sjoerd en Kees ek. Louw helpt Hylke en Sytse. Hy fertelt harren, hoe't se op in maklike manier oan ieltsjes komme kinne. Sûnder te fiskjen! De jonges helpe harrensels dêrmei ek, want no kinne se Gerben en Kees smertejild betelje foar de skea dy't se oprûnen troch de grap mei de fuotten. Foar Gerben is it dêrmei noch net út: hy wol bewize dat hy grappen úthelje kin dy't it hiele doarp yn opskuor bringe. Tekeningen
fan Ruud Hameeteman |
|
| Uitverkocht/útferkocht | |
|
In bestelbuske fan it molkfabryk fan Marherne is samar
op in dei weiwurden. It wurdt noch frjemder as bliken docht dat ek de
sjauffeur nergens te finen is. Dan fart in lyts frachtskip oer in rubberboatsje
hinne. Lokkich is de Kameleon der daliks by, oars wienen der slachtoffers
fallen. Flak dêrnei heart Hylke in gesprek tusken twa manlju yn 'e foarriekeamer
fan it Paviljoen. Hy kin der mar in bytsje fan ferstean, mar hy heart
al dat de twa it hawwe oer 'weiwurkjen' en 'fersnipeljen'. Tekeningen
fan Ruud Hameeteman |
|
| Uitverkocht/útferkocht | |
|
Gerben en Klinkhamer hawwe op in dei in heimsinnich gesprek meiinoar.
Hylke en Sytse witte net wêr't se it oer hawwe, mar Gerben sil wat keapje,
dat is wol dúdlik. Tekeningen
fan Ruud Hameeteman |
|
| Bestelle | |
|
Jierren lyn is Bouke Poelstra ût Marherne weigien. Hy wie doe noch in jonge. No is er weromkommen om yn it hûs fan syn heit en mem te wenjen. Mar dat liket no wol in ruïne. Dêrom beslút Bouke it te slopen en in nij. hûs op itselde plak te bouwen. Mar it wol de lju yn it doarp net oan dat Bouke earlik oan al syn jild kommen is. Want wêr soe in gewoane seeman safolle foar in nij hûs weiheije moatte? As der yn Marherne dan ek noch in bank berôve is, wurdt Bouke fuortendaliks fertocht en troch Zwart opsletten. De iennichsten dy't yn Bouke syn onskuld leauwe binne Hylke, Sytse en Louw. Bouke kin op harren en de Kameleon oan, as "in rots yn 'e bráning! Tekeningen
fan G. van Straaten |
|
| Utferkocht / uitverkocht | |
![]() |
As de garaazje fan dokter yn ’e brân flocht, meie Hylke en Sytse him slope. Fan it hout sille se in hutte bouwe flakby it wenskip fan ’e famylje Vrolijk. Dit wenskip mochten se ek slope, want Louw en syn heit en mem binne ferhuze nei in hûs yn it doarp. De nije hutte sil Piratekastiel hiete en wurdt fuortendaliks al ferovere troch Gerben. Op in moarntiid betraapje de maten in jonge yn ’e hutte, dy’t dêr sliept hat. It is Harm en hy komt fan de heide. Mei harren nije kammeraat belibje de jonges noch in spannend aventoer as der stellen wurdt op in pleats. Tekeningen
fan G. van Straaten |
| Utferkocht / uitverkocht | |
![]() |
Op in eilân yn de Marhernster mar kampeare jonges út 'e stêd. In soad wille belibje se net oan har fakânsje, want it is striemin waar en de tinte is lek. Sadwaande skypje de kampearders kjeld. Foaral Hein is der min oan ta. Sytse en Hylke, dy’t mei de Kameleon by de jonges sjogge, binne gau beret en roppe dokter derby. Dy nimt Hein mei nei de fêste wâl: de jonge hat longûntstekking en moat fuortdaliks nei it sikehûs. As Gerben it ferhaal heart, wit er dat it oars kin. Hy komt mei it idee om it âld beurtskip fan Wierda op te keapjen en om te bouwen ta driuwend hotel. En dat is net it ienichste idee fan Gerben… Tekeningen:
G. van Straaten |
| Bestelle | |
|
De Kameleon stekt fan wâl
Tekeningen: G. van Straaten Oersetting: Jetske Bilker Priis € 6,50
|
| Bestelle | |
| home |
Mear ynformaasje oer de Kameleon-boeken is te finen op de thússide fan útjouwerij Kluitman en it Kameleondoarp Terherne. |