FNP: Put fan Nederhorst en omjouwing net
ferkwânselje
Yn de simmerfakânsje rekke ik by in
barbecue oan de praat mei in projekt-ûntwikkelder
fan in grut lanlik operearjend
buro. Dy hienen ek inkele
projekten yn Fryslân en ik wie tige nijsgjirrich oft se ek aktyf wienen yn
Skarsterlân. Syn buro net, mar hy wist fan in oare projekt-ûntwikkelder dat dy oan ’e gong wie mei ideeën tusken de Put fan
Nederhorst en hotel/sauna De Wâldfinnen út te wurkjen. In ûndersykburo siket op dit stuit út oft in lúks
hotel mei fakânsjehúskes en mooglik ek wenboaten rendabel te meitsjen is. It gehiel giet yn kombinaasje mei
oanlisstegers en natoerûntwikkeling. As it rendabel is, dan wurde de plannen
fierder útwurke. Der soe al
ferkennend oerlis mei leden fan it kolleezje en amtners west ha.
Ik haw direkt oanjûn, dat it lêste absolút
net wier wêze kin. De Put fan Nederhorst hat foar de simmerfakânsje yn de kommisje en de rie oan de oarder west.
Dat wie yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. Opfallend genôch wie dêrby ek sprake fan oanlisstegers en natoerûntwikkeling. De FNP hat it kolleezje doe mei klam befrege oer mooglike
plannen foar in lúks hotel. It antwurd wie dat der krekt fóár de simmer by it kolleezje net
bekend wie, dat der in partij belang by hie. Mei oare wurden, soks wie in
‘non-item’.
Leden fan it kolleezje meie yn in kommisje of gemeenteried gjin ynformaasje efter
hâlde. Sawol lanlik as lokaal is it in politike deasûnde as de keazen
folksfertsjintwurdigers ferkeard
of ûnfolslein ynljochte wurde.
Yn sa’n gefal kin ommers de demokrasy net goed funksjonearje. It is net om ’e nocht dat
folksfertsjintwurdigers en keazen bestjoerders de eed of belofte ôflizze. Ik
hâld it der op dat de kollega fan de projekt-ûntwikkeler dêr’t ik mei praat ha, wat hat sitten op te skeppen.
Opfallend is wol dat ek op De Jouwer de geruchten oanhâlde en ûnrêst bestean bliuwt. Hoe kin
soks no?
Foar in grut part hat it kolleezje dat oan
harsels te tankjen. Om te begjinnen hat de vice-foarsitter fan it kolleezje,
PvdA-wethâlder Gerard Hemmes, by herhelling sein, dat it gebiet yn de omjouwing
net ‘op slot set wurde mei wat hotelplannen oangiet’. Hy giet dêrmei dwers
tsjin de Yntegrale Fisy yn, dêr’t krekt yn bepaald is dat it gebiet
moeraseftich grien bliuwe moat. Frjemd is ek fan it kolleezje, dat der mear
natoerûntwikkeling komme moat. It grûnwetterpeil fan de greide is heech en wa’t dêr no komt kin in protte ljippen
sjen dy’t dêr delstrike om iten te sykjen foardat hja wer op ’e trek geane.
Noch frjemder is dat der in nije namme foar de Put fan Nederhorst komme moat. Dy moat marketing-freonlik wêze, dus lekker yn ’e mûle lizze en
in positive assosjaasje oproppe. Wêrom is dat? De Put is by de Jousters dochs
wol bekend en in hiele generaasje is mei de namme opgroeid. Der binne dan ek al
in bulte grappen oer makke en guon
neamden de nammen: ‘De Positievo’ en ‘Heer van Stand’. De PvdA hat sels de
suggestje dien om de put nei
harren foarige fraksjefoarsitter te neamen, want dy soe safolle dien hawwe foar
it behâld fan de Put. Ik wit allinnich dat dy fraksjefoarsitter yn de foarige
perioade foarstanner wie fan in ûndersyk, om de Put fol te smiten mei bagger út
de Langwarder Wielen en de kanalen. Dat foarstel
is noch fan goed twa jier lyn! Men moat mar lef hawwe om jin dan foardrage te
litten. Meikoarten sil it
kolleezje har kar bekendmeitsje, mar it is oan de rie hokfoar namme it úteinlik wurde sil.
Is der relaasje
tusken Put en bûtenbad?
De FNP wol gjin grutte ûntwikkelingen by de Put, heechút wat lytse oanpassings
dy’t yn it gebiet passe. It moat in gratis foarsjenning bliuwe foar
elkenien. Ynvestearje yn de Put mei net oanlieding wêze om dan it bûtenbad fan
swimbad De Stiennen Flier op te dûken. Dizze simmer hat sjen litten hoe
belangryk in bûtenbad is. Foaral foar minsken mei jonge bern, dy’t graach wolle
dat der tafersjoch is.
De FNP sil der skerp op ta sjen dat sawol
De Put as ek it swimbad foarsjenningen bliuwe, dy’t leechdrompelich binne en
dêrmei tagonklik foar al ús ynwenners.
Ut namme fan de fnp-fraksje,
Wiebe Hoekstra
Terug naar natuurterrein “De Famberhorst”.