

|
Hjoed binne se geboaren. Dat haw ik al ris earder skreaun. Mar doe hie ik it oer de Linepylsturt rūpen. Ik kin it no wer sizze want fanemoarn seach ik dat der fiif lytse Kuierjende Tūkjes (Sa sille Wandelende Takken yn it Frysk wol hite) yn it potsje mei aikes sieten. Se sjogge der krektlyk śt as de grutten mar dan wol in hiel stik lytser fansels. Ik set se gau oer yn in bak mei klimmerbledsjes, kinne se begjinne te iten. |
Fanemoarn wiene der wer twa. Ik haw se by de oare fiif yn e bak dien. Der moast wol in stik plestik ūnder it deksel want oars krūpe se troch de lytse gatsjes hinne. En dizze ynsekten ite wier wol keamerplanten. It leafst klimplanten. Ik sil aanst even telle hoefolle aikes as der noch yn it bakje sitte. It binne der in hiel soad dat wit ik al. It binne der hjoed 556. As se allegear śtkomme haw ik dus aanst 563 lytse Kuierjende tūken. Dat is wol in soad kuierjen yn ien bak ( de twa grutten sitte yn in oare bak). |
|
Wer fiif der by. Dat bin al tolve yn ien bak. Se kuierje moai troch de bak. De seis poaten njonken it liif dat by elke stap in bytsje hinne en wer skommelet. It achterein stekke se yn in krol omheech. Krekt oft wolle se grutter lykje as dat se binne. En grut binne se alhiel net. Se helje krapoan in lingte fan oardel sm. Mar miskien heart dy hālding ek wol gewoan by Kuierjende Tūken want de grutten dogge it ek. En dy binne san 8,5 sm. No haw ik se metten fan kop oant achterein. Der sitte ek noch in pear grutte sprieten foar op e kop en as se dy nei foaren stekke binne se noch langer. Faak dogge se dat oerdei ek. De sprieten foarśt stekke, de poaten by it liif lāns en dan hiel stil tusken de blźden en tūkjes hingje, krekt oft binne se sels ek tūkjes. |
Dat giet moai om en om. De earste nacht fiif, de twadde twa, de tredde fiif en ja hear, fannacht binne der wer twa śt har aikes krūpt. De aikes binne hiele lytse donkere boltsjes mei in giel dekseltsje derop. It binne krekt siedsjes. De grutte Tūken litte se samar oeral yn har bak delfalle, tusken de keuteltsjes. No kinst wol better Tūkekeuteltsjes as hūnekeutels yn e hūs hawwe. Dy fan de Kuierjende Tūk rūkst net en se sjogge der ek hielendal net fiis śt. Se lykje noch it measte op hagelslach, fan dy kleurde: oranje en giel (śtsein de kleur dan, se binne wol gewoan brśn). |
|
Ja wier, tocht ik fanemoarn. Dit giet echt om en om want ik seach wer fiif lytse tūkjes yn it potsje. Mar nūmer seis hie him ferskūle ūnder it stikje keukenpapier dźrt de aikes oplizze. No binne der dus twintich mar oft dy ek allegear grut wurde wit ik net. Ien fan de lźste tūkjes hat it aike noch oan e poat te hingjen. As er dy net fuortkrijt komt it net goed mei him. |
En diskear wiene it der wer fiif. Fan e jūn wiene der al wer twa. |
|
De aikes moatte yn e friezer. Dat haw ik teminsten lźzen op takkezooi. Ast tefolle hast moast der foar soargje dat der gjin mear aikes śtkomme. En dat kin it bźste troch se yn e friezer te dwaan. Der wiene fanemoarn njoggen. En de grutte Tūken lizze ek noch hieltyd (no ja smite) nije aikes yn har bak. Even telle ik hie der op 4 septimber twintich. Fiif en twa derby, sānentwintich. Mei dizze njoggen, dat binne der al: seisentritich! Der binne seis nei skoalle gien. |
Achtentritich binne der no, tink ik. Ik sil se hjoed ek noch even telle as ik de bak skjinmeitsje. (Ik haw der krekt wer njoggen by dien) Juster binne der seis mei gien nei skoalle. Se krije in plakje op e kast by groep fiif. En der lei ek ien dea yn e bak. Fersūpt tocht ik. Hoe kin dat no as der gjin wetter yn e bak sit, sei ien. Mar der sitte wol wetterdrippen oan e sydkant fan e bak. Kondinsdrippen. En foar san lyts bistke is dat al genōch om yn te fersūpen. |
|
Ik ha se juster net mear teld. Fanemoarn wiene der fyftjin. Dan soene der dus 53 wźze moatte. Aanst mar even telle. Ik kom op 51. Mar se binne sa lyts en krūpe sa trochinoar dat der kinne bźst 53 wźze. Ik haw teminsten gjin deade tūkjes fūn. De bak fan de grutte tūken moast ek skjinmakke. Se hiene 37 aikes troch de bak smiten. Op 1 septimber sei ik, dat as alle aikes śtkomme ik 563 Kuierjende Tūken hawwe soe. Der is ien tūkje dea gien. Mei de 37 aikes fan hjoed der by, kin it der 599 tūkjes wurde. |
Toemar hear. Wer tolve der by. 63 of 65, ik wit it net krekt mar safolle kin it der wźze. It is wol in hiele drokte yn e bak hear. Se rinne allegear hinne en wer. In hiele soad krūpe omheech en hingje ūndersteboppe oan it plestik. Se meie graach heech sitte want de grutten hingje ek altyd oan it deksel. De grutten hawwe hiele kleverige poaten. As ik se op e hān haw sitte se fźst. It sil fźst gjin lym wźze. Sūchnapkes tink ik. Mar ris even in kear besjen mei in fergrutglźs, dat haw ik noch net iens dien. Nūmer trettjin kaam hjoed oerdei noch śt. Mar hy is mei trije oaren en tritich aikes nei skoalle gien. Se sille plak krije by groep 2. |
|
Fjouwer wiene der hjoed. |
Fiif derby. |
|
En noch trije. |
Seis. |
Al wer fiif. |
Fjouwer en dy binne nei De Klyster gean. En hūndert aikes. |
Trije. En in hiele dśdlike ferfelling fan ien. Ik haw der in foto fan makke.
Dat wite slappe gefal is it ālde fel. De Kuierjende Tūk hinget noch oan in tūkje
want syn nije fel moat earst goed droech wźze foar't er op stap gean kin. It sil hielendal hurd wurde.
Dat dat earst moat, makket it ek fuortendaliks gefaarlik foar sa'n Tūk yn e bak.
Mei safolle oare Tūken dy't oer dy hinne kuierje kinne giet it samar ferkeard.
Kinst samar op e grūn falle en dan sitst mei in bryk opdroege fel.
Besykje dan mar ris foarśt te kommen. | |
Noch trije en seis derby. |
Aikes komme net mear śt. Der binne no ūngefear hūndert Kuierjende Tūken. Op dizze foto krūpt der krekt ien śt it ālde fel. |
|
Ien fan de grutte Kuierjende Tūken is dea. |
Tsien Kuierjende Tūken sitte no yn de grutte bak by de lźste "grutte" Tūk. Se wurde te grut foar har ālde bak. |
![]() In aike |
![]() Sa krūpe de tūkjes śt har aike. |