12 juny
Hjoed binne se geboaren.
De lytse berntsjes fan famylje Linepylsturt.
Se sitte yn in grutte bak. Hoefolle as it der krekt binne wit ik net.
Ik ha se net teld. Heit en mem Linepylsturt binne al lang fuort.
De berntsjes moatte harsels mar rêde, tink ik.
Nuvere boel dochs? |
13 juny Ik haw in stik plestik oer de bak hinne dien,
want se kroepen troch de gatten yn it deksel.
Ik leau net dat se har heit en mem sykje,
want guon fan myn planten yn de finsterbank
ha ynienen nuvere gatten yn de blêden. |
14 juny Ik haw net iens ferteld hoe’t se der útsjogge.
Se binne grien. Ha hiele lytse hierkes oeral
en in grutte swarte pylk achter op it liif.
(No ja foar sa’n lyts bistke dan) |
15 juny
Der is al ferskil.
In pear rûpkes binne al grutter as de oare.
En de lineblêden yn ’e bak krije allegear gatten. |
16 juny De rûpkes binne oan it fersideboartsjen
mar yn de bak hoecht dat fansels net.
Se hoege net bang te wêzen dat ik se opite sil.
It liket my mar neat,
sa’n grien bist mei in pylk achter op it liif,
opite. |
17 juny
De bledsjes wurde raar. Ik ha nije plukt. Bledsjes fan de Linebeam.
Mar tinkst dat dy bisten der hurd op takrûpe? Wolnee,
it duorret skoften foar’t ik se fan it âlde blêd ôf ha.
It liket wol of ha se harsels fêstbûn oan de nerven fan it âlde blêd. Wat in domme bisten. |
18 juny
Miskien dochs net sa dom om krekt op dy nerven sitten te gean.
As se dat yn ’e beam ek dogge falt it in fûgel sa gau net op fansels. |
19 juny

Se fjochtsje seach ik. De iene rûp besocht de oare fan ‘syn’ nerf ôf te triuwen. |
20 juny
Ik bin bliid dat ik net yn dy bak wenje. Se ite en skite. As se wolris sliepe wit ik net.
Sa’n libben liket my fierstente saai. |
21 juny
De bledsjes binne wol tweintich kear sa grut as de rûpen sels.
As ik se yn ’e bak doch teminsten. Nei in pear dagen is der hast neat mear fan oer.
Wat in fretters. |
22 juny
Ik ha se noch net iens teld en dat kin oars maklik. Ik hoech net de beam yn. |
23 juny
De linebeammen by ús foar hûs binne hielendal net keal.
Ik tink dat de measte rûpen dêr sels opiten binne. |
24 juny
Moarn sil ik se telle |
25 juny
Ja, de bak moat skjin. Kin ’k fuort ek even telle hoefolle rûpen as der binne: 42. |
26 juny
Dy swarte pylken binne al lang net swart mear mar giel en read. |
27 juny
Se moatte hieltyd faker nije bledsjes hawwe. Mar wat krij ik se min fan de âlde ôf.
It liket wol of binne se oan it blêd fêstgroeid. |
28 juny
Dy bledsjes wurde trouwens troch folle mear bisten opfretten.
Alle kearen as ik guon pluk foar de rûpen moat ik griene blêdluzen fuortspiele.
En der sit ek wit spinsel op, dat spiel ik der ek mar ôf. |
29 juny
Se fjochtsje echt. Mei de koppen tsjininoar oan. Se krûpe hielendal omheech by de keale nerf.
Want it blêd is al fuortfretten. En dan twa of trije tagelyk oer de selde nerf.
As de ien net oan ’e kant giet, krûpt de oare gewoan oer him hinne.
En as se dan boppe net mear fierder kinne, begjinne se mei de koppen tsjininoar oan te slaan.
Net ien lit de nerf los. |
30 juny
Se wurde hieltyd grutter. Ik kin se dan ek wat better besjen en leau dat se net iens eagen ha.
Miskien dat se dêrom sa mei de koppen tsjininoar oan slaan. |
1 july
Se snije mei de kaken in hoekje fan it blêd ôf. Krekt sa’t wy in hageskjirre beetkrije.
De kaken komme wiid útinoar en klappe dan tsjininoar oan. Hiel hurd giet it.
Dy bisten moatte goed slokke kinne want se happe mar troch. |
2 july
Hjoed frege in jonkje oft hy in pear rûpen hawwe mocht. Hy hat der trije meikrigen.
42 rûpen yn in bak is ek fierstente folle. It wurdt tiid dat der noch mear fuortgean.
Yn it wyld bliuwe se echt net byinoar. Dêr sille se fêst ek net sa mei-inoar fjochtsje. |
3 july
It giet need. Hjoed seach ik ien troch de bak fleanen. Twa sieten noch op it lêste stikje nerf.
Hja klapten noch mei de koppen tsjininoar oan en de tredde fleach troch de bak en foel
op de boaiem. Der moatte echt in pear fuort. |
4 july
Ik skrok doe’t ik it stikje kop en de pylk lizzen seach. It wie al hielendal trochsichtich.
No ite se inoar ek al op, tocht ik. Mar doe’t ik de bak skjinmakke hie en nije blêden deryn die,
telde ik dochs 39 rûpen. Dat kloppet, der binne trije fuortgean.
It stikje kop en pylk hat dus it fel west fan in rûp dy’t in gruttere jas krigen hat. |
5 july
Hjoed wie der dochs ien fuort. Ik haw wol fjouwer kear teld mar kaam hieltyd op 38 rûpen.
It kin bêst dat ik juster by fersin ien mei de âlde blêden fuortsmiten haw.
Of, de oaren hawwe him foar in blêd oansjoen. Seis rûpen hawwe de nacht net oerlibbe.
Der is wat mis gean by it ferfellen. |
6 july

Der binne noch twa kear 16 rûpen. Want ik ha se oer twa bakken ferdield.
Mar dat sil ek wol gau tefolle wêze. |
7 july
It is tefolle. Yn ’e iene bak sitte noch 16 rûpen, yn ’e oare 15.
Se krûpe hieltyd oerinoar hinne en slagge mei de kop hinne en wer.
Mar de boppeste rûp lit him net sa gau fuortslaan. Ik haw ris ien yn ’e hân krigen.
En wier it falt net ta om dat bist wer fan de hân ôf te krijen.
De achterste poaten sûchje har fêst liket it wol.
De rûp moat sels trochstappe want ergens fan ôf lûke wol net.
Ik haw 14 rûpen yn ’e tún loslitten. Se sille harsels wol rêde en sa heart it eins ek. |
8 july
Noch 17 rûpen. Dat is noch tefolle. De grutste rûpen binne no 3 s.m lang. Se binne grien.
En hawwe giele en reade dwerse streepkes oer de sydkanten fan it liif.
De lêste streepkes boppe de achterpoaten binne wat breder en gean oer yn de pylk.
De pylk is ek read en giel en it uterste puntsje is grien. De rûpen hawwe 6 gryppoaten,
foaroan. Acht steunpoaten yn it midden en twa achteroan.
Eins kinst better sizze: ien achteroan want dy twa lêsten binne oaninoar fêstgroeid.
Yn it midden fan dy achterste poat sit in reade stip.
De kop liket wol in trijehoekje en hat ek in (lytsere) reade pylk.
Eagen haw ik noch net fûn.
|
18 july
It is al tsien dagen lyn dat ik foar it lêst wat opskreaun haw.
De rûpen binne yn dy tiid flink groeid. Der binne no noch 15. Se hawwe echt gjin eagen,
of it moatte dy hiele lytse donkergriene stipkes ûnderoan de kop wêze.
Mar ik bin der wis fan dat se net folle sjen kinne.
It liket oft fiele se mei de kaken oft der wat ytbers is. Juster hie ik ien op ’e hân.
It fielde krekt oft biet it bist my, mar dat wie net sa.
Hy slingere de kop troch de loft, krekt in âld mantsje dy’t syn bril siket.
De kaken wiene dan ek te fier fan myn hân ôf om bite te kinnen. It wiene de poaten.
Der sitte in soarte fan sûchnapkes oan en it fielt dan krekt oft byt it bist.
Ik haw him mar gau wer yn ’e bak dien.
De grutste rûp is no 4,5 sm lang en de pylk kleuret donkerblau.
|
28 july
Wer tsien dagen letter. Der is hiel wat feroare yn dy tsien dagen.
De rûpen binne no allegear sa’n 6 sm lang wurden. Ik sjoch no noch mar trije yn ’e bak.
De oaren binne allegear yn ’e modder krûpt om har te ferpoppen.
De lêste dagen hawwe se ek bjirkeblêden iten. Dat kin wol. Ik lies it yn in boek oer rûpen.
Linepylsturten ite Linebeamblêden, fansels soest sizze oars hite se ek net sa,
bjirkeblêden en blêden fan de iik.
|
3 augustus
Se sjogge der no allegear sa ût.
Dit wurdt wachtsjen, oant maaie 2005 tink ik. |
25 maaie 2005
Hjoed kamen de earste twa flinters út har pop krûpen. De earste liket op de âlden. De twadde hat folle mear grien.
|
26 maaie
Flinter nûmer trije, dy't wer op de âlden liket en nûmer fjouwer, folle griener, krûpe hjoed út har pop.
Klik op de foto foar in gruttere foto. |